Schwesing
Schwesing is in plak yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan it distrikt Noard-Fryslân. Schwesing hat 940 ynwenners (2010).
Yn de Twadde Wrâldoarloch lei yn dy gemeente it kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing). Fan septimber oant ein desimber 1944 wie dit in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme. De finzenen moasten ûnder tige swiere omstannichheden yn drege klaaigrûn allinnich mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de Friesengraben, oanlizze. [1] Doe't ein 1944 dy tankgrêft militêr-strategysk nutteleas bliken dien hie, waard it Ausseleger sletten en waarden de finzenen werombrocht nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne sa'n 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (Haus der Gegenwart).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|