Springe nei ynhâld

Schwabstedt

Ut Wikipedy
Schwabstedt / Swåbstää
Lokaasje gemeente Schwabstedt (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje gemeente Schwabstedt (read) yn Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtNordsee-Treene
Sifers
Ynwennertal1.341 (31.12.2024)[1]
Oerflak14,64 km²
Befolkingsticht.92 ynw./km²
Hichte12 m
Oar
Postkoade25876
Offisjele webside
www.amt-nordsee-treene.de
Kaart
Schwabstedt (Sleeswyk-Holstein)
Schwabstedt

Schwabstedt (Noardfrysk: Swåbstää; Deensk: Svavsted) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Schwabstedt makket diel út fan it amt Nordsee-Treene en hat 1.341 ynwenners (2024).

It plak is in offisjeel erkend Luftkurort. Schwabstedt leit oan 'e rivier de Treene.

De earste bewenning yn it gebiet fan Schwabstedt giet sa'n 5.000 jier tebek. Fan likernôch 1268 oant 1700 wie it plak de sit fan in biskop. Yn dy tiid wie de Treene in wichtige hannelsrûte oer it wetter. De skriuwer Theodor Storm hat twa fan syn novellen, Renate en Zur Wald- und Wasserfreude, oan it plak wijd.

Foar de omlizzende doarpen yn 'e parochy hat Schwabstedt in sintrumfunksje mei bedriuwen, hannel en ferskillende foarsjenningen. It toerisme hat him ûntwikkele ta in wichtige ekonomyske pylder foar de gemeente en der binne ferskillende fyts- en kuierrûtes oanlein nei it tichteby lizzende boskgebiet it Lehmsieker Gehölz en it beskerme natuergebiet it Wilde Moor.

Besjenswurdichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint Jabikstsjerke.

De Sint-Jabikstsjerke fan Schwabstedt is in romaanske fjildstiennen tsjerke út likernôch 1160 mei in goatysk foarportaal oan 'e noardkant. Ta it ynterieur heart in letgoatysk fleugelalter dat foar 96 mark kocht waard út de yn 1807 ôfbrutsen earste Marijetsjerke fan Husum. De tsjerke hat in doopfont út de lette renêssânse en in preekstoel út 1606. De tsjerke besit in letgoatysk triomfkrús en in 15e iuwsk koerstuolte. Noardlik fan 'e tsjerke stiet, nei alle gedachten op in âlde grêfheuvel, in klokketoer dy't yn 1777 renovearre waard.

Dêrnjonken is ek de eardere wynmûne, boud oan de westlike gemeentegrins en de râne fan 'e bebouwing fan Ramstedt, it besjen wurdich.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje