Schwäbisch Hall
Schwäbisch Hall | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Stedsyndieling | 17 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 42.743 (31.12.2023) | |
Oerflak | 104,19 km² | |
Befolkingsticht. | 410 ynw./km² | |
Hichte | 304 m | |
Oar | ||
Postkoade | 74523 | |
Koördinaten | 49° 6' N 9° 44' E | |
Offisjele webside | ||
www.schwaebischhall.de/ | ||
Kaart | ||
Schwäbisch Hall of gewoan Hall is in stêd en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuerttemberch. It is ek it haadplak fan 'e lânkring Schwäbische Hall. Sûnt 1 oktober 1960 hat de stêd de status fan Große Kreisstadt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e 3e iuw f.Kr. wie in sâlte boarne oanlieding foar Kelten om harren op it plak nei wenjen te setten. Schwäbische Hall is in eardere ryksstêd, dy't yn 'e 12e iuw in grutte bloei meimakke. De nije Michaeltsjerke waard yn 1156 ynwijd. Tige wichtich foar de stêd wie it slaan fan munten, dy't de Haller neamd waard (letter: Heller).
By in grutte stedsbrân waard yn 1680 in diel fan de binnenstêd ferneatige. De grutte stedsbrân fan 1728 ferneatige it grutste part fan 'e hjoeddeiske histoarsyke binnenstêd.
De stêd hat relatyf net in soad te lijen hân fan 'e alliearde bombardeminten op it lân. Op 23 febrewaris 1945 waarden by in loftoanfal 16 hûzen en it stasjon ferneatige. It riedshûs waard op 16 april 1945 by in Amerikaanske oanfal troch brânbommen rekke. It riedshûs baarnde út en in grut part fan 'e keunstsamling fan it riedshûs gie dêrby ferlern.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De protestantske stedsparochytsjerke Sint-Michael is ien fan 'e meast belangrike gebouwen fan 'e stêd. Yn'e tiid fan 'e reformaasje wie Jehannes Brenz dêr pastoar. Yn Hall waard de reformaasje mei soarch ynfierd en sa bleaune fan 'e katolike ynrjochting in soad keunstwurken bewarre.
- De Johannitertsjerke (Johanniterkirche) is in 12e-iuwsk tsjerkegebou en waard yn 'e 14e iuw yn 'e goatyske styl ferboud.
- De Katarinatsjerke (Katarinenkirche) datearret fan 'e 13e iuw en hat brânskildere ramen út 1360 yn it koer.
- It hjoeddeiske histoaryske riedshûs waard tusken 1730-1735 boud op it plak, dêr't foar de stedsbrân fan 1728 in Jakobustsjerke stie.
- De histoaryske binnenstêd is ryk oan fakwurkhûzen.
- Fan 'e âlde stedsmuorren binne in pear dielen bewarre bleaun: de Malefizturm (13e iuw), de Sulvertor (18e iuw ferboud) en de Josenturm (17e iuw ferboud).
- De Komburg is in earder Benediktynsk kleaster en wie letter in ridderstift. Hjoed-de-dei leit de Komburg op it grûngebiet fan 'e stêd.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kunsthalle Würth
- Johanniterkirche
- Hällisch-Fränkischen Museum
- Dieter Franck Haus
- Hohenloher Freilandmuseum Wackershofen
- Brânwarmuseum
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Riedshûs.
-
Michaeltsjerke.
-
Komburg.
-
Roter Stieg mei poartetoer.
-
Fontein op it Merkplein.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schwäbisch Hall fan Wikimedia Commons. |