Schevichoven
Schevichoven leit oan de Middelwei nr. 85 yn Leersum, net fier fan Broekhuizen. De resten fan it âlde kastiel binne ûnderdiel fan de proefbuorkerij fan de Stichting Centraal Veevoeder Instituut. De pleats is net tagonklik, wol bine it âlde gebou mei trepgevel en de dowetoer fan de dyk ôf goed te sjen.
It hûs komt foar de earste kear foar yn 1394. Op 26 maaie 1394 wurdt Schevichoven foar de earste kear beliend, en wol oan Johan fan Broichusen (Broeckhuysen). It kastiel wurdt dan omskreaun as 'twee hoeven lands, veens ende hoefslag, geheiten Schevinchoven'. It wie oarspronklik in biskoplik lien.
Yn 1434 wurdt Arent fan Broichuysen der mei beliend. It kastiel bliuwt dan oant 1500 yn dizze famylje. Dêrnei giet it kastiel oer yn oare hannen.
Yn 1622 wurdt it kastiel kocht troch Johan fan Renesse fan der Aa, wêrmei't it by Zuilenstein foege wurdt. Zuylenstein wurdt yn 1630 troch Johan ferkocht en nei syn ferstjerren yn 1640 erft syn dochter Agnes van Renesse van der Aa Schevichoven. Hja is troud mei de bekende admiraal Jacob baron fan Wassenaer Obdam, dy't yn de seeslach by Lowestoft mei syn skip yn de loft fleach. Yn 1700 wurdt it hûs kocht troch Willem fan Nassau, hear fan Zuylenstein, wêrmei't it hûs opnij ta Zuylenstein heart.
Op it lêst wurdt it hûs yn 1813 kocht troch Jan fan Nellesteijn, wêrmei't it er by Broekhuizen heart.
It oerbleaune âlde diel fan it kastiel is in gebou mei twa trepgevels dat binneyn goed restaurearre is en út de 17e iuw komt. Yn 1911 waard it hûs troch de famylje Pauw van Wieldrecht útwreide mei in hearekeamer. Derneist stiet noch in wyt plastere dowetoer mei in fjouwerkant grûnflak en in sealdak.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1394 Johan fan Broichusen (Broeckhuysen)
- 1434 Arent fan Broichuysen
- - 1500 famylje fan Broichuysen
- 1622 - 1640 Johan dan Renesse van der Aa
- 1640 Agnes dan Renesse van der Aa, troud mei admiraal Jacob baron van Wassenaer Obdam
- 1700 Willem fan Nassau-Zuylenstein
- 1813 Jan fan Nellesteijn
- famylje Pauw van Wieldrecht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |