Springe nei ynhâld

Skouderblêd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Scapula)
De skouderblêden (werjûn yn read) by in minske.

It skouderblêd (Latyn: scapula) is yn 'e minsklike anatomy de flakke, rûchwei trijehoekige bonke dy't de efterkant fan it skouder foarmet. De minske hat twa skouderblêden, ien oan eltse side fan it lichem, dy't diel útmeitsje fan 'e skoudergurdle. It skouderblêd soarget der yn gearwurking mei de skouderbonke (Nederlânsk: sleutelbeen; Latyn: clavicula) foar, dat de minske syn earms suver folslein rotearje kin.

Mei de boppe-earmbonke (humerus) foarmet it skouderblêd it skoudergewricht (articulus humeri of articulus glenohumeralis), wêrby't it potsje (cavitas glenoides of fossa glenoides) diel útmakket fan it skouderblêd. Dat potsje is tige lyts yn ferliking mei de grutte kop fan 'e boppe-earmbonke (caput humeri), en boppedat binne der suver gjin gewrichtsbannen dy't it gewricht ûnderstypje. Fan gefolgen is it skouder frij gefoelich foar lúksaasjes, oftewol om út it potsje te reitsjen.

It grutste part fan it skouderblêd makket fierders ek diel út fan it boppeste diel fan 'e rêch. It is in frij tinne bonke, dy't lykwols dochs sterk is troch de licht bûgde foarm. Fanwegen dy foarm en teffens troch de beskerming fan it grutte oantal spieren dy't oan 'e efterkant fan it lichem oan it skouderblêd hechte binne, komme brutsen skouderblêden suver nea foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.