Springe nei ynhâld

Sawrey

Ut Wikipedy
Near Sawrey

Near Sawrey en Far Sawrey binne buordoarpen yn Kumbria, yn it Lake District tusken Hawkshead en de mar Windermere.

De doarpen binne ferneamd omdat sy ferbûn binne mei Beatrix Potter. Sy wenne op Hill Top Farm yn Near Sawrey. In tal plakken yn de doarpen brûkte sy yn har boeken, The Tale of Tom Kitten, The Fairy Caravan, The Tale of the Pie and the Patty-Pan en The Tale of Jemima Puddle-Duck.

De doarpen datearje fan teminsten de 14e iuw, doe't Near Sawrey 'Sourer' neamd waard, dat waard 'Narr Sawrey' tsjin 17e iuw (wilens sil doe Far Sawrey ûntstien wêze). Near Sawrey hat in pub en Far Sawrey hat de parish-tsjerke, in hotel, pub en in winkel, dêr't oant 2003 ek in postkantoar yn siet.

Der rinne fuotpaden tusken de fearboatsteiger en Beatrix Potter har hûs.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]