Santa Maria sopra Minerva
Sint-Marije oer Minerva Santa Maria sopra Minerva | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Umbrje | |
provinsje | Perugia | |
plak | Assisi | |
adres | Piazza del Comune | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | 43° 4' N 12° 36' E | |
bisdom | Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | gevel:1e iuw foar Kristus tsjerke: 16e iuw | |
Webside | ||
www.diocesiassisi.it | ||
Kaart | ||
De Santa Maria sopra Minerva, ek de Timpel fan Minerva, is in tsjerke oan 'e Piazza del Comune yn 'e Italjaanske stêd Assisi. Lykas de basilyk mei deselde namme yn Rome giet it om in eardere Romeinske timpel út de foar-kristlike tiid, dy't wijd wie oan 'e goadinne Minerva. Fan 'e oarspronklike timpel binne de gevel en de pronaos bewarre bleaun.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Romeinske timpel waard yn 'e earste iuw foar Kristus troch de quattuorviri Gneus Cesius en Titus Cesius Priscus betelle en boud. Oarspronklik wie de timpel wijd oan de god Herkules. De namme Minerva, de goadinne fan de wiisheid, datearret fan in lettere ynterpretaasje fanwegen de fynst fan in byld fan in frou. Letter die bliken út in plakette dat de timpel oan Herkules wijd wie. Yn 'e Romeinske tiid tsjinne it foarum foar de timpel as it sintrum fan Asisium, sa't de delsetting doe hiet. Njonken oare aktiviteiten waarden op dat plak nei alle gedachten ek de earste kristlike martlers eksekutearre.
Nei de ynfiering fan it Kristendom rekke de Minerva-timpel bûten gebrûk, mar der fûn gjin sloop plak. Tsjin 'e ein fan 'e 6e iuw restaurearren Benediktynske muontsen de timpel. It ynterieur waard yn twa ferdjippings ferdield. It boppediel waard as wenromte ynrjochte en it ûnderste diel as tsjerke, dy't oan Sint-Donatus (San Donato) wijd waard.
De muontsen ferhierden de timpel yn 'e 13e iuw oan 'e stêd Assisi, dy't de romte brûkte as bestjoerssintrum en de benedenromte as finzenis. Sûnt 1456 waard de timpel wer as Sint-Donatustsjerke iepene.
Nei in besite oan 'e stêd yn 1539 joech paus Paulus III opdracht om it gebou te restaurearjen. Yn dy tiid krige de tsjerke de nije namme Santa Maria sopra Minerva (de Sint-Marije oer Minerva).
De tsjerke waard yn 1613 troch de biskop fan Assisi oan 'e Tredde Oarder fan 'e hillige Fransiskus oerdroegen, dy't it ynterieur yn barokke styl ferbouden en dêr regelmjittich missen opdroegen.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e Romeinske tiid bleau de gevel mei seis korintyske pylders, de argitraaf en de trijehoekige gevel bewarre. By de bou fan 'e tsjerke yn 'e 16e iuw waard de cella folslein ôfbrutsen. Opfallend is it kontrast tusken de klassike gevel en de lytse binnenromte, dy't troch de arsjitekt Giacomo Giorgetti út Assisi yn de 17e iuw yn barokke styl ferboud waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Santa Maria sopra Minerva (Assisi)
|