Springe nei ynhâld

Sanders PuzzelMedia Groep

Ut Wikipedy

Sanders PuzzelMedia Groep is in oanbieder fan Nederlânsktalige puzelboeken en online puzels. Sanders waard yn 2018 oernomd troch de Keesing Media Groep.

Yn 1971 begûn de drukker en boekhanneler Rinus Sanders it famyljebedriuw Sanders Puzzelboeken yn Vaassen. Datselde jier ferskynden de earste krúswurdriedlings fan Sanders.

Yn 1987 waard de lieding oernomd troch soan Martin Sanders. It bedriuw wreide him de jierren dêrnei noch út troch groei en oernames. Yn 1998 waard útjouwerij De Denker oernomd. It bedriuw makke dêrnei puzels ûnder de merknammen Sanders, Puzzelhobby, De Puzzelaar en De Denker. Yn 2007 giene dy titels fierde ûnder de namme Sanders. De puzels ferskynden op de deistige puzelsiden yn it Algemeen Dagblad en Trouw en blêden fan Audax en AKN. Yn 2010 waarden kontentprovider JFS en Puzzelland oernomd. Sanders eksploaitearre doe mear as 70 ferskillende titels op it mêd fan puzels, puzelboeken en puzelwurdboeken. [1] Yn 2011 waard de webside www.puzzelsite.nl lansearre mei online puzels. Yn 2012 ûntstie de Sanders PuzzelMedia Groep. [2]

Yn 2018 waard Sanders ferkocht oan útjouwerij Keesing Media Group. Op it haadkantoar yn Vaassen wurken doe sa’n fjirtich minsken. [3] Direkteur Martin Sanders waard by de oername opfolge troch Philip Alberdingk Thijm (CEO). De merknamme Sanders bleau lykwols bestean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: