Springe nei ynhâld

Sander Israëls

Ut Wikipedy

Sander Israëls (Fisfliet, 14 juny 1888 - Hilfertsom, 17 maart 1970) wie in Nederlânske gemeente-amtner.

Hy wie in soan fan feekeapman Levie Israëls en Grietje Gans. Yn maart 1911 gie er oan't wurk by de gemeentesekretary fan Smellingerlân. Yn 1918 waard er gemeentesekretaris yn dy gemeente. Yn dat jier troude er ek mei Aleida de Jong (1889-1984).
Yn novimber 1940 krige er dien fan de Dútske besetter fanwegen syn joadsk komôf. Israëls en syn húshâlding waarden ynternearre yn konsintraasjekamp Theresiënstadt. Yn it ramt fan in útwikselingsprogramma yn 1944 kaam er mei syn húshâlding yn Switserlân. Nei de befrijing kamen se werom yn Nederlân. Hy bleau dêrnei oant 1954 gemeentesekretaris fan Smellingerlân.

Israëls wie ynspirator fan nije, foar hiele regio wichtige ûnderwiisynstellings. Troch syn krewearjen krige Drachten in Ryks-HBS (it lettere Drachtster Lyceum) en in lânbouhúshâldskoalle.

Fierders fertsjintwurdige er ûnder de oarloch de Joadske Ried, wie er lid fan de Barneveldgroep en die er sines ta de rekonstruksje fan de joadske mienskip yn Fryslân nei de oarloch.

  • Yn 1936 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
  • Yn 1982 besleat de gemeenteried fan Smellingerlân om it parkearterrein tusken it Mûnein en de J.G. van Blomstrjitte nei Israëls te ferneamen: Sander Israëlsplein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: