San Sebastiano fuori le mura

Ut Wikipedy
Sint-Sebastiaan bûten de Muorren

San Sebastiano fuori le mura

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Latium
plak Rome
adres Via Appia Antica, 136
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 17e iuw
offisjele webside
Offisjele side

De San Sebastiano fuori le mura ("Sint-Sebastiaan bûten de muorren"), of de San Sebastiano ad Catacumbas ("Sint-Sebastiaan op de katakombes"), is in basilyk yn Rome, Itaalje. Oant it jubileumjier 2000 wie de tsjerke ien fan de sân pylgertsjerken fan Rome. In soad pylgers hâlde lykwols noch jimmeroan de tradisjonele list oan, faaks fanwegen de katakomben en om't de ferfangende Santuario della Madonna del Divino Amore fierder fan it sintrum ôf leit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik yn de earste helte fan de 4e iuw boude basilika is wijd oan Sint-Sebastiaan, in populêre romeinske martelder út de 13e iuw. De namme ad catacumbas ferwiist nei de katakomben fan Sint-Sebastiaan, dêr't de tsjerke op boud is, wylst fuori le mura sizze wol dat de tsjerke bûten de Aureliaanske Muorre boud is en te ûnderskieden is fan de San Sebastiano al Palatino op de Palatynske heuvel.

Grêfmonumint fan Sint-Sebastiaan (Giuseppe Giorgetti)

Neffens de stiftingstradysje soene yn 258 ûnder de kristenferfolgings de katakomben tydlik brûkt wêze as plak foar de bysetting fan de oare hilligen dy't yn Rome it martlerskip ûndergongen, Petrus en Paulus, dêr't de oerbliuwsels fan letter oerbrocht waarden nei de basiliken dy't nei harren ferneamd waarden. Dat ferklearret de oarspronklike namme fan de tsjerke Basilica Apostolorum ("Basilyk fan de Apostels"). De wijing oan Sint-Sebastiaan datearret fan de 9e iuw.

Sebastiaan's oerbliuwsels waarden om 350 nei de tsjerke brocht. Yn 826 moasten de reliken út benaudens foar in Saraseenske oanfal oerbrocht wurde nei de Sint-Piter. By dy oanfal waard de tsjerke ferneatige. Under it pontifikaat fan Nikolaas I waard de tsjerke wer opboud, wylst it alter op fersyk fan de Sistersjinzers troch paus Honoarius III (1216–1227) op 'e nij oan de martelder wijd waard.

It tsjintwurdige gebou datearret foar in grut part út de 17e iuw. De bou waard yn opdracht fan kardinaal Scipione Borghese yn 1609 troch Flaminio Ponzio mei útein set en nei syn dea yn 1613 troch Giovanni Vasanzio foltôge

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It byld fan Sint-Sebastiaan by it alter yn de earste kapel oan de lofter kant is fan Giuseppe Giorgetti. Yn de "Kapel fan de Reliken", fuort oan de oare kant fan it skip, is in stien mei de fermiende foetôfdrukken fan Jezus, dy't yn ferbân brocht wurde mei it Quo vadis yn de Hannelingen fan Petrus. Ek is in pylk te sjen dy't Sint-Sebastiaan rekke hat, tegearre mei in diel fan de pylder dêr't de hillige oan fêstbûn wie wylst er de martlersdea ûndergong.

Ek it neamen wurdich is de Albani-kapel yn 1716 boud yn opdracht fan paus Klemens XI neffens in ûntwerp fan Carlo Maratta, Alessandro Specchi, Filippo Barigioni en Carlo Fontana en opdroegen oan paus Fabianus. Fabianus wie paus ûnder de ferfolgings fan keizer Desius. De boarstbylden fan de hillige apostels Petrus en Paulus fan Nicolò Cordier betinke de eardere patroanhilligen fan de tsjerke.

Omkriten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de omkriten fan de Sint-Sebastiaantsjerke binne de katakomben fan Sint-Kalixtus en fan Sint-Domitilla en stiet de Santa Maria in Palmis (ek: Quo-Vadistsjerke).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:San Sebastiano fuori le mura