Sam Xavier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sam Xavier
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samuel Lessner
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne ±1945
berteplak ? Feriene Steaten
stoarn begjin maaie 2012
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
wurkpaad
wurksum as regisseur, produsint
jierren aktyf 19762012
offisjele webside
gjint

Sam Xavier (wiere namme: Samuel Lessner; ±1945Los Angeles, begjin maaie 2012) wie in Amerikaansk regisseur en produsint fan pornografyske films.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Xavier, dy't fan Joadsk komôf wie, learde oarspronklik foar bakker, mar besleat yn 1971, nei't er alle diploma's helle hie om sels in bakkerij te begjinnen, om oar wurk te sykjen, mei't er der in hekel oan hie om der altyd sa betiid ôf. Hy fûn in baan as fertsjintwurdiger yn 'e mainstream-útjouwersbrâns, foar it blêd Parliament News. Neitiid rekke er belutsen by de Amerikaanske pornoyndustry trochdat er wurk krige by de grutste Amerikaanske útjouwerij fan neaken- en pornoblêden fan dat stuit.

Doe't Xavier seach hoefolle mooglikheden oft dy merk bea, sette er yn 1976 in eigen útjouwerij op, mei as namme H&S Sales, letter omneamd ta Xavier Productions. Hy makke en joech it neakenblêd Bazooms út, wêrby't er him talei op it grutte-boarstesjenre. Dat waard in geweldich súkses, en doe't de fideomerk begjin tachtiger jierren fan 'e grûn kaam, besleat Xavier ek dêryn mei te gean. Sadwaande rjochte er yn 1982 de filmstudio Big Top Video op, wêrmei't er pornofilms fan it grutte-boarstesjenre begûn te meitsjen. Ek mei dizze nije ûndernimming gie it him tige foar de wyn, en meitiid groeide Big Top Video út ta it meast foaroansteande grutte-boarstelabel.

Yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich gie Xavier in partnerskip oan mei The Score Group, in oare mânske produsint op it mêd fan it grutte-boarstesjenre, mar nei in saaklik skeel skaten harren wegen wer. Xavier gie troch mei it meitsjen fan grutte-boarstefilms oant er al op jierren wie, en hy kaam yn 'e pornoyndustry bekend te stean as "de Pake fan 'e Grutte Boarsten" (the Grandfather of Big Boobs). Yn 2010 waard der lykwols kanker by him fêststeld, en nei in siikbêd fan hast twa jier, kaam er yn 2012 oan dy sykte te ferstjerren.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: