Springe nei ynhâld

Salomé (learling)

Ut Wikipedy
Marije Salomé.

Salomé, ek Marije Salomé of Salomé fan Galiléa, wie yn it Nije Testamint in folgeling fan Jezus. Hja wurdt yn 'e roomske en otterdokse tradysje as hillige fereare.

Hja wurdt yn 'e Bibel by namme allinne yn it evangeelje fan Markus neamd as ien fan 'e froulju, dy't by de krusiging fan Jezus wiene (Markus 15:40):

40 Der wiene ek froulju dy't der op ôfstân nei stienen te sjen. Under harren wienen Marije fan Magdala en Marije, de mem fan Jakobus de Lytse en Joazes, en Salomé, 41 dy't him folgen en foar Him soargen, doe't er noch yn Galiléa wie.

Neffens de evangelist wiene hja de froulju, dy't as earsten by it lege grêf nei de opstanning fan Jezus kamen om Syn lichem te salvjen (Markus 16:1).

Yn 'e oare evangeeljes wurdt Salomé net by namme neamd. Yn it evangeelje fan Mattéus stiet ûnder by it krús op har plak de mem fan 'e soannen fan Sebedéus (Mattéus 27:55):

Under harren wienen Marije fan Magdalena, Marije de mem fan Jakobus en Joazef en de mem fan 'e soannen fan Sebedéus.

De soannen fan Sebedéus wienen de apostels Jakobus de Aldere en Jehannes. Dêrút kin opmakke wurde dat Salomé de frou fan Sebedéus wie en de mem fan 'e twa apostels. Sa wurdt hja meast ek yn 'e kristlike tradysje fereare. Ek yn it evangeelje fan Mattéus wurdt de mem fan 'e twa apostels twaris neamd, nammentlik as hja Jezus freget om harren twa soannen oan Syn rjochter en lofter kant yn it Himelske Ryk op te nimmen (Mattéus 20:20). Yn it evangeelje fan Markus (10:37) freegje de twa bruorren dêr sels om.

Neffens it evangeelje fan Jehannes (19:25) wiene der trije (of fjouwer?) froulju ûnder it krús:

By it krús fan Jezus stienen syn mem en syn memme susters, Marije fan Klopas en Marije fan Magdala.

Dêrút falt op te meitsjen dat Salomé in suster fan 'e mem fan Jezus west hawwe soe en ek Marije neamd waard. Dat betsjut dat hja ek by de Hillige Sibskip hearde en faak wurdt hja ek op ferskillende manieren sa potretearre.

Apokrive Evangeelje fan Tomas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Salomé as kreamheinster.

Salomé is yn it apokrive Tomasevangeelje de frou, dy't tegearre mei in ûnbekende kreamheinster foar de lytse Jezus soarge. Dêrút ûntstie letter in tradysje, wêryn't Salomé ek as kreamheinster foarsteld wurdt. Oer Salomé wurdt letter yn it Evangeelje fan Tomas nochris skreaun (logion 61):

Salomé sei: "Mins, wa binne jo? Jo sette jo op myn bêd del en jo ite fan myn tafel, krekt as komme jo út namme fan immen. Jezus sei tsjin har: "Ik kom út namme fan in likense. My waard jûn fan wat myn Heites is." Salomé sei: "Ik bin jo learling."
  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 24 april
  • Armeenske Tsjerken: 9 april
  • Etyopysk-Otterdokse Tsjerke: 20 maaie
  • Protestantske denominaasjes: 3 augustus
  • Eastersk-otterdoksy: 3 augustus

Neffens in âlde leginde wie Marije Salomé tegearre mei Marije fan Klopas en Swarte Sara foar in kristenferfolging flechte mei in skip út Israel. Yn it jier 46 spielde it skip op it plak oan, dat hjoed-de-dei it Súd-Frânske Saintes-Maries-de-la-Mer neamd wurdt. Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke hawwe de trije froulju in hûs boud, dêr't in boarne ûntstie dy 't no midden yn 'e tsjerke te finen is. Mei de Swarte Sara ferkundigen de Marije's it evangeelje yn Frankryk oant Marije fan Klopas ferstoar. In pear moanne letter ferstoar ek Salomé en wer wat letter Sara.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: