Sailing to Byzantium
Sailing to Byzantium | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | William Butler Yeats | |
taal | Ingelsk | |
foarm | gedicht | |
skreaun | 1926 | |
1e publikaasje | 1928, Dublin | |
bondel | The Tower |
Sailing to Byzantium is in ferneamd gedicht fan 'e hân fan 'e Ierske dichter William Butler Yeats (1865-1939). It ferhellet oer in reis nei Byzantium (oftewol Konstantinopel), mar brûkt dat gegeven as in metafoar foar in spirituële reis. De dichter ûndersiket yn dit fers syn ideeën en beprakkesaasjes oer de fraach wat stjerlikens, keunst en de minsklike geast mei-inoar te krijen hawwe. Troch de tapassing fan ferskate dichterlike techniken omskriuwt Yeats de oerdrachtlike reis fan in minske dy't syn eigen fisy fan in ivich libben en syn idee fan it paradys neistribbet. Sailing to Byzantium waard foar it earst publisearre yn 1928, yn 'e dichtbondel The Tower, en bestiet út fjouwer kûpletten yn ottava rima, elts besteande út acht regels mei tsien wurdlidden.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sailing to Byzantium
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |