Springe nei ynhâld

Saeckmastate

Ut Wikipedy
Saeckmastate (1820)

De Saeckmastate wie in state ûnder Ikkerwâld yn de gemeente Dantumadiel. Tusken de Singel en de Fennewei oan de westlike grins van Ikkerwâld lei dit Saeckmagoed. Fan de state is neat werom te finen.

Sybren Saakma wie yn 1470 frederjochter en wenne mooglik yn Ikkerwâld. De state bestie grif al om 1550. Middels de stimkohieren út de 17e en de 18e iuw kin in list opmakke fan de eigeners fan (Grut en Lyts) Saeckmastate. Yn 1640 wurde as eigeners "d'erven van Lucas Jarges voor d’eene helft en de Raetsheer Saeckma voor de andere helft" neamd. Lukas Jarges wie de skoansoan en Raetsheer Saeckma de oerpakesizzer fan Johannes Wopkes Saeckma, grytman fan Dantumadiel. Nei syn dea waard de state mooglik ferdield ûnder syn beide bern Sjoerdt en Auck. Auck, dy't yn 1580 ferstoarn wie, wiie troud mei Jarges. Nei 1640 binne de rjochten fan "d'erven van Lucas Jarges" komme te ferfallen of hat de Raetsheer de oare helte fan de state opkocht. Fia Jayckle Saeckma, dy't troude mei Hans fan Wyckel, komt de State yn besit fan harren twa bern Hendrik en Aurelia, die troude mei Cornelis Bosman [1], sekretaris fan East-Dongeradiel. Yn 1680 blykt de State dan yn besit fan de sekretaris Wyckel, t.w. Hendrik fan Wykel, foar de iene helt en de kurator fan de bern fan sekretaris Bosman foar de oare helte. Singelier is dat Aurelia sels net neamd wurdt, wylst de pas yn 1693 stjert.

Foar 1698 is er grif in definitive opsplitsing makke tsuken Grut en Lyts Saeckmastate, want neffens it floreenkohier fan 1698 is "de heere Wyckel" eigener. Ek yn 1708 en 1718 stiet dizze Hendrik yn de stim- en floreenkohieren as eigener neamd. Hendrik stjert yn 1719. Nei 1698 komme wy foar "De Kleine Sate", mooglik duus in pleats, aparte fermeldingen tsjin fan de eigeners. Yn 1719 komt de State yn besit fan Jaycke Hendricksdr. Fan Wyckel, dy't troud wie mei Corn. Bosman, in folle neef fan har (soan fan Aurelia en Cornelis Bosman). Yn de floreenkohieren fan 1728, 1738 en 1748 stiet de state op har namme, wylst yn 1728 yn it stimkohier de namme fan har broer, grytman Regnerus Annaeus fan Wyckel, grytman fan Gaasterlân neamd wurdt as stimgerjochtigde.

Jaycke fan Wyckel is grif tusken 1748 en 1758 ferstoarn, want yn 1758 (en ek yn 1768) is har broer Johannes Saeckma fan Wyckel eigener. Hy stiet fermelde as "secretaris van Gedeputeerde Staten Wyckel". Nei 1768 erft syn dochter Jaicke Saeckma fan Wyckel, troud mei Andreas Muller, de State. Hja hat net lang eigenaresse west, want yn 1778 stiet de state op namme fan de hearen H.H. en J. v. Wyckel (broers fan har). Dy binne oansteld as kurators fan harren ferstoarne suster. Dêrnei komt de state yn besit fan har man, Andreas Muller, doe boargemaster fan Dokkum.

Yn de floreenkohieren stiet it yn 1798 ek op namme fan boargemaster Muller, yn 1818 (tusken 1798 en 1818 binne der gjin floreenkohieren opmakke) op namme fan "Old Burgemeester" A. Muller. Nei de dea fan dizze boargmaster komt de state yn besit fan syn snoar Wilhelmina fan Wyckel, dy't trouwe mei Godschalk van Knijff. Yn 1828 nammmentlik stiet dizze Godschalk fermeld as eigener. Fjouwer jier letter, op 18 jannewaris 1832, wurdt de State troch Van Knijff ferkocht oan Tabe Tjeerds Annema.

  • Johannes Wopkes Saeckma
  • Sjoerdt Johannes Saeckma en Auck Johannes Saeckma, troud mei Lucas Jarges
  • 1640 Raetsheer Saeckma, pakesizzer fan Sjoerd en de erven fan Lucas Jarges
  • Jayckle Saeckma, dochter fan de riedshear, troud mei Hans fan Wyckel
  • 1680 Hendrik fan Wykel en de kurator fan de bern fan de Aurelia Wykel, troud mei C. Bosman
  • 1680 - 1719 Hendrik fan Wykel
  • 1719 - 1748 Jaycke Hendricksdr. Van Wyckel, troud mei Corn. Cornelisse Bosman 1758 en 1768 Johannes Saeckma fan Wyckel (broer), troud mei Ava Cornelia fan Glinstra

Jaicke Saeckma fan Wyckel (dochter), troud mei Andreas Muller

  • 1778 H.H. en J. v. Wyckel (soannen fan foargeande) kurators fan foargeande
  • 1778 - 1818 Andreas Muller
  • 1828 - 1832 Godschalk van Knijff, troud mei Wilhelmina van Wyckel, (suster fan Jaicke)
  • 1832 Tabe Tjeerds Annema

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch ek: Bosmanhûs