SC It Hearrenfean (frouljusfuotbal)

Ut Wikipedy

Dizze side giet oer de frouljusfuotbal ploech fan SK It Hearrenfean. Sjoch SK It Hearrenfean foar it haadartikel oer dizze klup.

Sportklup It Hearrenfean
It Abe Lenstra Stadion
It Abe Lenstra Stadion
Oprjochte 20 july 1920
Plak It Hearrenfean
Stadion Sportpark Skoatterwâld
Kapasiteit - (500 oerdekte sitplakken)
Foarsitter Robert Veenstra
Trener ?
Kompetysje Earedifyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Sportklup It Hearrenfean (SK It Hearrenfean) is in profesjonele fuotbalklup fan It Hearrenfean dy't sûnt 2007 ek meidocht oan de Froulju Earedifyzje. It Hearrenfean is ien fan de seis klups dy't sûnt it begjin fan de Froulju Earedifyzje aktyf is yn dizze kompetysje. Yn april 2011 makke de direksje lykwols bekend dat Hearrenfean ophâlde sil mei it frouljusfuotbal. Op dat beslút kaam de direksje letter wer werom, nei't der troch de spylsters genôch jild binnen helle wie.

Satellytklup[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas de oare earedifyzje klups hat ek It Hearrenfean in satellytklup, foar It Hearrenfean is dit Oranje Nassau, út Grins. De measte spilers fan SK It Hearrenfean komme by dizze klup wei. Dizze froulju spylje neist by It Hearrenfean ek by harren eigen ploech, meastal yn de haadklasse.

Dat systeem is opset om foar te kommen dat de haadklasse hielendal leech streame soe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prestaasjes fan SK It Hearrenfean.
Iepeningswedstriid SK It Hearrenfean - FC Twinte

As earste trener fan de frouljusploech waard Harry Sinkgraven oansteld. De earste wedstriid dy't de frouljusploech spile wie ek de earste proffuotbalwedstriid foar froulju ea yn Nederlân. De wedstriid waard spile op woansdei 29 augustus 2007 tsjin FC Twinte yn de Grolsch Veste. It Hearrenfean wûn de wedstriid mei 2-3.

Nei dizze oerwinning folge der noch mear ien mear yn it seizoen 2007/2008. De froulju fan It Hearrenfean einigen it seizoen op it lêste (sechde) plak mei 11 punten út 20 wedstriden.

Yn it seizoen 2008/2009 waarden inkele spiler oernaam fan oare profklups. Op it stuit stiet de ploech sechde, wat ynhâld dat de ploech noch ien klup ûnder har hat.

It seizoen 2009/2010 begûn, nei it ôfheakjen fan Roda JC, wer mei seis ploegen. Hearrenfean einige wer op it sechde plak. Der waard fjouwer ris wûn, seis kear lyk spile en tsien kear ferlern. Yn 2009 waard Rick Mulder de trener fan de froulju, hy folgje dêrmei Harry Sinkgraven op.

Sylvia Smit waard wer topskoarder yn de kompetysje, dat seizoen dielde hja dat plak mei Chantal de Ridder fan AZ. Beide froulju skoarden alve kear.

Yn april 2011 makke de direksje fan Hearrenfean dat it ophâlde sil mei it frouljusfuotbal. De klup kaam ta dy konklúzje, omdat it finansjeel net mear helber wêze soe. De wankele finansjele basis fan it lanlike frouljusfuotbal wie ek in reden om der mei op te hâlden. Earder yn it seizoen hiene FC Utrecht en Willem II ek oanjûn om op hâlde te wollen mei de frouljusploech. It tal ploegen foar it seizoen 2011/2012 soe dan bestean út 5 ploegen en dat is ien te min.[1]

De spylsters leine har lykwols net del by de beslissing fan de direksje en hja kamen yn aksje om it frouljusfuotbal te behâlden op It Fean. De spylsters hawwe sponsers fûn dy't de kosten fan it frouljusfuotbal foar in part betelje wolle, it oare part wurdt betelle troch it KNVB. Sa waard it frouljusfuotbal behâlden en is de kâns dat de Earedifyzje foar froulju yn it seizoen 2011/2012 trochgiet, grutter wurden. [2] [3]

Yn it seizoen 2010/2011 einige de klup fjirde fan de acht klups, nei't Hearrenfean skoften op it earste plak stien hie. De bekerfinale waard wol helle, dêryn wie AZ de tsjinstanner. Hearrenfean koe AZ net ferslaan: AZ wie mei 2-0 te sterk.

Hjoeddeistige seleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De assistint fan Rick Mulder is Marleen Wissink, dy't yn har eigen karriêre 141 wedstriden foar it Nederlânske frouljusfuotbalâlvetal spile hat.

Nasjonaliteit Spylster Sûnt Foarige klup
flagge fan Nederlân Cynthia Beekhuis 2007/08 WWNA Apeldoorn
flagge fan Nederlân Jorike Olde Loohuis 2007/08 Oranje Nassau
flagge fan Nederlân Lisanne Schaareman 2007/08 Oranje Nassau
flagge fan Nederlân Sherida Spitse 2007/08 VV Sneek
flagge fan Nederlân Marije Brummel 2008/09 FC Twinte
flagge fan Nederlân Nangila van Eyck 2008/09 ADO De Haag
flagge fan Nederlân Sishut Hau 2008/09 ONS Sneek
flagge fan Nederlân Sylvia Smit 2008/09 FC Twinte
flagge fan Nederlân Marieke de Boer 2009/10 Oranje Nassau
flagge fan Nederlân Nathalie Kothai 2009/10 Oranje Nassau
flagge fan Nederlân Wendy Mulder 2009/10 HvA DRL Rotterdam
flagge fan Nederlân Roxanne van de Berg 2010/11 AZ
flagge fan Nederlân Aafke de Hoek 2010/11 Be Quick Dokkum
flagge fan Nederlân Shanice van de Sanden 2010/11 FC Utrecht
flagge fan Nederlân Ingrid Schuiten 2010/11 Oranje Nassau
flagge fan Nederlân Maxime Welten 2010/11 Be Quick '28
flagge fan Nederlân Hilde Winters 2010/11 SC Angelslo
flagge fan Nederlân Wilma Winters 2010/11 SC Angelslo
flagge fan Nederlân Tessa Jager 2010/11 stazjêre
flagge fan Nederlân Jessica Jurg 2010/11 stazjêre
flagge fan Nederlân Sierou Liewes 2010/11 stazjêre

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Gjin frouljusfuotbal by H'fean", Omrop Fryslân.nl, 14 april 2011
  2. "Frouljusfuotbal mooglik troch", Omrop Fryslân.nl, 23 april 2011
  3. "Frouljusfuotbal It Fean rêden", Omrop Fryslân.nl, 28 april 2011

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]