SFBO
It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is it ynformaasje-, kennis- en stipepunt op it mêd fan meartaligens en taalstimulearring yn de foarskoalske perioade.
It SFBO is sûnt 1989 aktyf, earst mei Frysktalige pjutteboartersplakken, letter ek mei twatalige berne-opfang. Yn 2003 krige it SFBO de romte fan de Provinsje Fryslân om oeral yn Fryslân pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen te helpen by it ûntwikkeljen fan taalbelied. Sûnt groeit it tal pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen dat mei in Frysk- of twatalich belied wurket jierliks mei sa'n 10 plakken.
Ut guon ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om harren op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. Meartaligens befoarderet de talige ûntwikkeling, mar neffens guonts ek de sosjale en yntellektuele ûntwikkeling. Om dy foardielen goed te benutten is it fan belang om te soargjen dat de talen inoar net bekonkurrearje, mar oanfolje. Dat jildt benammen yn sitewaasjes dêr’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fûstregel is dan: konsekwint taalgebrûk en goed omtinken foar de minderheidstaal.
It is net foldwaande om bern alinne yn de memmetaal op te heinen. Yn in meartalige omjouwing is it nedich om mei in bewust taalbelied te wurkjen. Oars komme de foardielen fan meartaligens net goed ta har rjocht en wurde de bern yn it slimste gefal net meartalich, mar healtalich.
Wurkwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It SFBO giet by de pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen del om te helpen by it kreëarjen fan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dêr fansels by belutsen. SFBO jout ynformaasje- en hâldt âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. De ûnderfining is dat goed ynformearre âlden har prima fine kinne yn Frysk- of twatalich belied. Fierder hat SFBO in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje dy't de plakken beoardielet op de útfiering fan it belied. As dat ynoarder is, komme de organisaasjes yn oanmerking foar in sertifikaat en in subsydzje fan € 2250,- fan de Provinsje Fryslân.
Ynformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De adviseurs fan it Sintrum binne betûft op it mêd fan meartaligens en taalûntwikkeling en ha in soad ûnderfining mei it begelieden fan liedsters yn 'e foarskoalske opfang. Se jouwe kundich advys en helpe by it ûntwikkeljen fan belied en materialen. Foar al jo fragen kinne jo terjochte by it SFBO.
Meartalichheid befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntjouwing fan bern. Dat is it útgongspunt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). SFBO helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk, persoanlik en saakkundich.