Springe nei ynhâld

RynkRank

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rynkrank)
In diel fan RynkRank, fan links nei rjochts: Evert Jongedijk, Sije Bleeker, Jantine Akkerman, Ineke Tuttel, Henk Hiddinga en Oane Huver

RynkRank wie in amateur-kabaretploech út it Tsjalbert. De namme betsjut gammel, mei mankeminten, in soadsje ûngeregeld.

It begûn yn 1986 as kabaret by it jubileum fan de skoalle, en groeide út ta in hast jierlikse tradysje: "It Tsjalberter nijjierskabaret" (1987). RynkRank spile troch hiel Fryslân, mar soms ek dêr bûten. Guon programma's binne wol 75 kear spile. De lêste foarstelling fan elts programma waard yn it Posthûs Teater spile, en wie soms yn fiif minuten útferkocht. De ûnderwerpen kamen faak út de koker fan de skriuwer fan de groep, Henk Hiddinga. Spilers wienen Evert Jongedijk, Sije Bleeker, Jantine Akkerman, Ineke Tuttel, Henk Hiddinga en Oane Huver. Sy waarden begelaat troch harren eigen kombo mei Minze Broersma, Mathijs Huitema en Henk Huver en technisy Alexander de Jong en Reinder Thiescheffer.

Earder makken ek Rinske Pijlman, Gerard Hoen, Kees Hartsema, Mirjan Agricola, Pietsje de Boer, Jan van der Honing, Johannes Wassenaar, Robert van Galen, Peter van der Veen, Peter Aarsen, Reinder Bergsma, Jelle de Jong en Sitta Bosman diel út fan it selskip.

Op 21 desimber 2002 waard de CD Oeral yn it rûn presintearre, mei tolve selsmakke lietsjes. Opname, technyk en mastering wie yn Face Sound Studio Lemmer, en produksje en mix troch Joop van der Linden en Sytse Broersma. Gastmuzikanten wienen Ronald de Bruin (bas) en Henk Hiemstra (akkordeon).

  • Efkes lâns de streek (1988)
  • Wat hat de kabel (1989)
  • Hobbels en Bobbels (1990)
  • Poer op 'e natoer (1991)
  • It is my in lustrum (1992)
  • Wat in jûn (1993-1994)
  • Sân yn't iten (1995-1996)
  • Oeral yn it rûn (1997-1999)
  • Ta de teannen út (2000-2003)
  • Typewurk (2004-2007)
  • Kroegepraat (2010) (mei regisseur Luuk Eisema)
  • Oer en Út (2012)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: