Ryksstannen
De ryksstannen wiene yn it Hillige Roomske Ryk persoanen en gebieten dy't mei de Ryksdei mei dwaan mochten. Dêrfoar moasten se lykwols al ryksûnmidlik wêze, dus streekrjocht ûnderhearrich oan de keizer. Hja koene oer harren gebieten hearskje mei in grutte mjitte fan selstannigens.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It systeem fan de ryksstannen ferfong it âlde systeem fan de stamhartochdommen yn de eardere midsiuwen. De âlde Karolingyske stamhartochdommen wiene de ferdieling fan Dútslân ûnder de Salyske dynasty. Yn de iere hege midsiuwen, ûnder de Hohenstaufen, rekken se ferâldere en yn 1180 waarden se troch keizer Freark I Barbarossa opheft en ferparte yn lytsere foarstendommen. Fan 1489 ôf waarden de ryksstannen dy't fertsjintwurdige wiene yn de Ryksdei, yn trije kolleezjes ferparte: it kolleezje fan de karfoarsten (Kurfürstenkollegium of Kurfürstenrat), it kolleezje fan de ryksfoarsten (Reichsfürstenrat) en it kolleezje fan de frije ryksstêden. Ryksgreven en eallju dy't net streekrjocht fertsjintwurdige waarden yn de Ryksdei, nettsjinsteande harren ryksûnmidlike status, wiene feriene yn "banken" mei elts in yndividuele stim. Ryksridders hiene de ryksûnmidlike status, mar wiene net fertsjintwurdige yn de Ryksdei.
Gearstalling fan de Ryksdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Ryksdei (Hillige Roomske Ryk).
Sûnt 1489 wiene de ryksstannen yn de Ryksdei yn trije kolleezjes ûndeferparte:
- It Karfoarstekolleezje (of Karfoarsteried)
- De Ryksfoarsteried, mei fjouwer Ryksgrevebanken mei elts 1 stim en twa Ryksprelatebanken mei elts 1 stim ynbegrepen.
- It Ryksstêdekolleezje, besteande út twa Ryksstêdebanken.
Foar in rjochtsjildich beslút fan de Ryksdei, wie it ynstimmen fan alle trije kolleezjes nedich.
De ryksridders wiene net op de Ryksdei fertsjintwurdige, hoewol't se wol ryksûnmidlik wiene, en ferskate kearen besocht hawwe in kollektive fertsjintwurdiging te krijen.
Persoanlike en kollektive stimmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ryksstannen wiene te ferpartsjen yn dyjingen dy't persoanlik in sit yn de Ryksdei hiene, en dyjingen dy't kollektyf sitting hiene.
Persoanlike sitting hiene de karfoarsten en alle oare ryksfoarsten: de hartoggen, de prinsbiskoppen en foarstlike ryksabdijen. Hja hiene yndividueel stimrjocht (Virilstimme). In kollektive sitting hiene de ryksgreven en -hearen, de ryksstêden en de ryksabdijen (de ryksprelatekolleezjes). Hja hiene allinnich mienskiplik stimrjocht (Kuriatsstimme).
Tsjerklike en sekuliere stannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ryksstannen wiene ek te ferpartsjen yn in tsjerklike of geastlike en in sekuliere of wrâldske stannen:
- De tsjerklike (geastlike) ryksstannen wiene de trije geastlike karfoarsten, de oare geastliken mei wrâldlik gesach en de grutmasters fan de Maltezer Oarder en de Dútske Oarder.
- De sekuliere (wrâldske) ryksstannen wiene de fjouwer wrâldlike karfoarsten, de wrâldlike ryksfoarsten, de ryksgreven en rykshearen en de frije ryksstêden.