Springe nei ynhâld

Rydbaan

Ut Wikipedy
Standertyndieling fan in autogongwei mei suteldyk en fytspaad. Sjoch de kleure balken en letters boppe-yn.
Read: Dyk (B, D o/m J, K)
Blau: Rydbaan, in fytspaad jildt net as rydbaan
Swart: Rydstripe
A sydberm
B suteldyk
C sydberm
D flechtstripe, útrydstripe
E rydstripe
F spitsstripe
G midstripe
H middenberm
J flechtstripe, ynrydstripe
K fytspaad
Rydbaan mei trije rydstripen en in flechtstripe.

In rydbaan is it ferhurde part fan in dyk, ornearre foar ridende reauwen. Fytspaden en bromfytspaden wurde lykwols net as rydbanen oantsjutten. In rydbaan bestiet út ien of mear rydstripen. Ek in ynrydstripe en útrydstripe kinne part fan in rydbaan wêze. Reauwen kinne fan rydstripe wikselje op ien rydbaan.

In dyk wurdt yn rydbanen ferparte, sa't it ferkear yn tsjinoerstelde rjochtingen faninoar te skieden. Ek wurde rydbanen ferparte om doelgroepstripen faninoar te skieden, sa as bygelyks trochgeand ferkear fan pleatslik ferkear te skieden. As in dyk bestiet út mear rydbanen, dy't faninoar skaat wurde troch in fangrail, in middenberm, of in ferheging yn it midden, is der sprake fan in dûbele rydbaan.

In autogongwei of autowei mei elts twa rydbanen is in twabaansdyk, in fjouwerstripedyk of in 2x2-dyk. Dêrby wurde lykwols allinnich de rydstripen teld, en net de flechtstripen en yn- en útrydstripen. Yn de folksmûle wurdt in dyk mei fjouwer rydstripen ornaris in fjouwerbaansdyk neamd.

In dyk wurdt ek wol in rydbaan neamd, dochs is dat ferkeard, om't it fyts- en fuotgongerspaad en de berm ek by de dyk hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: