Ruurd Faber
Ruurd Faber (Feanhuzen, 28 augustus 1912 - 7 july 1992) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP en letter fan it CDA.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne as soan fan Anne Faber (1875-1948; fan 1932 ôf direkteur fan it earste gesticht fan de Rykswurkynrjochtingen yn Feanhuzen) en Hermina Klein (1879-1973). Yn it begjin fan syn karriêre wie R. Faber ynspekteur fan in libbensfersekeringmaatskippij. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er belutsen by it ferset. Hy waard er arrestearre en opsletten yn it hûs fan bewar yn Assen. Nei de befrijing kaam er frij en doe waard er haad fan de Politike Opspoaringstsjinst (POD) yn Assen.
Nei in skoftke waard Faber offisier-fiskaal by de Asser Keamer fan it Bysûnder Gerjochtshof yn Ljouwert. Letter hat er ek noch wurksum west yn in oare funksjes by it ministearje fan Justysje en it ministearje fan Maatskiplik Wurk.
Faber waard 1965 boargemaster fan Dantumadiel dêr't er yn 1971 ôfskie naaam. Yn Dantumadiel hie er de namme fan “groot formaat maatschappelijk werker”. Dêrnei wie er oant 1975 boargemaster fan de gemeente Aalten. Yn 1992 stoar Faber yn de âldens fan 79 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|