Russysk-otterdoks kleaster (Himmelum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Russysk-otterdoks kleaster fan Himmelum anno 2011

It Russysk-otterdokse kleaster yn Himmelum is in kleaster wijd oan de hillige Nikolaas fan Myra. It kleaster leit oan de Buorren 18 yn Himmelum.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ikoanostaze fan it kleaster yn Himmelum

Yn 1999 krige de Russysk-Otterdokse Tsjerke it eardere grifformearde tsjerkegebou yn Himmelum ta foldwaan. It tsjerkegebou waard transformmearre ta in kleaster, dat wijd waard oan de hillige Nikolaas, biskop fan Myra. De Russysk-otterdokse meinskip borduerde dêrmei troch op in tradysje. Yn de midsiuwen stie der yn Himmelum in kleaster, dat stichte wie troch de Benediktinen fan it kleaster fan Sint Odulfus yn Starum. Dat kleaster wie ek wijd oan Nikolaas fan Myra. Op de fûneminten fan it âlde kleaster waard letter de herfoarme Nikolaastsjerke fan Himmelum boud.

Nei de ferbouwing fan de eardere grifformearde tsjerke, dy't yn 1889 boud waard, is it Russysk-otterdokse karakter fan it gebou oan de bûtenside te sjen troch de oanbrochte koepel op de foargevel mei it Russysk-otterdokse krússymboal. Oan de binnenside binne oan de foarkant in hal mei ûntfangstromte foar pylgers en oare gasten, yn 'e midden de kleastertsjerke en oan de efterkant, yn de eardere konsistoarjekeamer, it ferbliuw foar de muontsen.

Yn de tsjerke is in ikonostaze makke, in ikoanewand dy't de skieding foarmet tusken it plak dêr't de leauwigen gearkomme en in alterromte. Nei de otterdokse-tradysje is sa'n alterromte, it alderhillichste, net foar leken tagonklik. De wichtichste ikoanen yn Himmelum binne de ikoaanen fan Kristus, fan de hillige memme Gods fan Kazan, fan de hillige Nikolaas en in fjouwerlûk mei memme Godsikoanen út Poalen. Op inkele fan dizze ikoanen binne yn it Frysk teksten oanbrocht út it evangeelje fan Jehannes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Russisch Orthodox Klooster van de Heilige Nicolaas Himmelum/Hemelum (Frl.), drukt by de Kleasterdrukkerij Supraśl, Poalen