Springe nei ynhâld

Rtyně v Podkrkonoší

Ut Wikipedy
Rtyně v Podkrkonoší
Flagge Wapen
Polityk
Lân Tsjechje
Regio Hradec Králové
Distrikt Trutnov
Sifers
Ynwennertal 3.032 (2014)
Oerflak 13,89 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 218 / km² (2006)
Hichte 405 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.rtyne.cz/

Rtyně v Podkrkonoší (Dútsk: Hertin) is in stêd (Město) yn it noardeasten fan Tsjechje yn de regio Hradec Králové, en heart ta it distrikt Trutnov. De stêd leit oan de rivier de Rtynka.
Rtyně v Podkrkonoší hat goed 3000 ynwenners.

Rtyně wurdt foar it earst neamd yn in oarkunde út 1367 as Hirtina, doe't it plak ien fan de grutste lânbousintrums fan de regio wie. It libben yn it plak feroare bot yn de 16e iuw doe't de stienkoalmynbou yn de omkriten begûn. De lânbou bleau lykwols fan wichtich ekonomysk belang. Boeren hiene in wichtige maatskiplike posysje yn Rtyně, wat bliken die út in boereopstân yn 1775.

Yn 1931 krige it plak syn offisjele namme, Rtyně v Podkrkonoší. Yn 1978 krige Rtyně de stedsstatus en sûnt 1996 hat de stêd in wapen.

Jier 1970 1980 1991 2001 2003 2006
Ynwennertal 3270 3158 3076 3053 3023 3028

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De houten klokketoer út 1544 en de Jehannes de Dopertsjerke dêrnjonken, dy't yn de iere 14e iuw fan hout boud waard en yn 1679 it stalte fan no krige.
  • Stânbyld fan Kening David, makke troch Matthias Bernhard Braun.
  • It stedsmuseum mei in permaninte útstalling oer de Boereopstân fan 1775 en syn oanfierder Antonín Nývlt Rychetský.

Ferneamde persoanen út Rtyně

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • David Antonín Nývlt (1696–1772), heechste bestjoerder (ředitel panství) fan it hearskip Nachod, kronykskriuwer en Heimatschriftsteller
  • Antonín Freiherr Nývlt Rychetský (1721–1782), lieder fan de Boereopstân fan 1775, in neef fan David Antonín Nývlt
  • Sigismund Ludvík Bouška (1867–1942), preester, skriuwer, skilder en grafikus
  • Karel Koleta (1887-1948), komponist
  • Čeněk Koleta (1876-1967), dirigint
  • Antonín Nývlt (1885-1952), komponist