Springe nei ynhâld

Roskilde

Ut Wikipedy
Roskilde
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Seelân
Gemeente Roskilde
Sifers
Ynwennertal 47.117 (2011)
Oerflak km²
Befolkingsticht. / km²
Oar
Stifting 998
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjele webside
Wapen fan de stêd Roskilde
Lizzing fan de gemeente Roskilde yn Denemark

Roskilde is in stêd yn de gemeente Roskilde yn de Deenske regio Seelân.

It plak grinzet yn it noarden oan de Roskildefjord.

Neffens Adam fan Bremen en Sakso Grammatius, boude Harald I fan Denemark yn de 80er jierren fan de 10e iuw in tsjerke en in keninklik ferbliuw yn Roskilde. Sakso Grammatikus brocht de namme Roskilde yn ferbân mei de legindaryske Kening Roar dy't dêr mooglik wenne yn de 6e iuw. Harald waard bedobbe yn de tsjerke op it plak fan de katedraal fan no.

Yn 1020 waard Roskilde in bisdom, sadat it de meast wichtige stêd yn Denemark waard foar de tsjerke. Absalon, de earste Deenske biskop, liet dêr yn 1170 de stiennen tsjerke sette dy't letter de katedraal wurde soe. Under Absolon syn ynfloed waarden letter mear tsjerken yn Roskilde boud.

Roskilde krige merkrjocht yn 1268. It wie yn dy tiid faaks de meast wichtige stêd fan it lân. Mei stipe fan de RK-tsjerke gie it de stêd foar de wyn oant 1443. De Reformaasje en it sluten fan de Roomsk-katolike tsjerke yn Denemark soarge der lykwols foar dat de stêd syn status ferlear. Dochs binne benei alle foarsten fan Denemark, fan de midsiuwen ôf, yn de katedraal fan Roskilde begroeven.

Roskilde hat yn syn skiednis te lijen hân fan de pest, krigen mei de Sweden en in tal ferwoastgjende brânen yn de 17e iuw, mar koe fannijs opbloeie yn de 19e iuw mei de iepening fan it spoar út Kopenhagen wei yn 1847. Oant likernôch 1400 wie Roskilde de haadstêd fan Denemarken. Letter waard Kopenhagen de haadstêd.

Roskilde hat fierders it ferneamde Wytsingeskipmuseum, iepene yn 1969, dêr't ûnder oaren fiif Wytsingeskippen (de Skuldelevskippen) út de 11e iuw te sjen binne en dêr't kultuer en libbenswize fan de Wytsingen útlein wurdt.

Yn Roskilde wurdt sûnt 1971 jierliks oan it begjin fan de simmerfakânsje ien fan de grutste popfestivals fan Europa, en it grutste fan Noard-Europa, hâlden, it Roskilde Festival. De iepening fan in universiteit yn 1972 hat sines ek dien foar de erkenning fan Roskilde as kultureel en ûnderwiissintrum yn Denemark.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Roskilde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Roskilde