Springe nei ynhâld

Ros an Mhíl

Ut Wikipedy
Ros an Mhíl
It haventsje
It haventsje
Bestjoer
LânIerlân
ProvinsjeConnacht
GreefskipGalway
Sifers
Ynwennertal208 (2011)
Hichte1 m
Oar
TiidsôneWET UTC+0
SimmertiidUTC-1

Ros an Mhíl (Ingelsk: Rossaveal of Rossaveel[1][2]) is in plak yn it Ierske greefskip County Galway. It plak leit yn de Gaeltacht.

It plak is de wichtichste fearhaven foar de Araneilannen yn de Baai fan Galway. It leit sa'n 23 km fan de stêd Galway ôf.

Yn it Iersk bestjut Ros an Mhíl 'skiereilân (of bosk) fan de walfisk' of 'seemûnster'.

Neffens de folkstelling fan 2011 wennen der 208 minsken yn it gebiet Ros an Mhíl, dêr't fan 73% alle dagen Iersk spruts. [3]


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Things to Do in Rossaveel, www.tripadvisor.com
  2. Placenames Database of Ireland
  3. Foley, N.S.; Curtin, R.; Jackson, E.; Keatinge, M.; Maloney, D.; Nolan, C.; Tyndall, P. (2013). An Economic Survey to Determine the Level of Seafood Activity and Establish its Economic Importance to the Area of Ros an Mhíl. Ros an Mhíl Case Study Report (PDF). Fisheries Economics Group (Report). Bord Iascaigh Mhara. p. 3. Rieplachte 24 oktober 2020.