Romke van Dam

Ut Wikipedy

Romke van Dam (De Tynje 10 april 1868 - It Hearrenfean, 31 maart 1957) wie boer op De Tynje. It wie in sosjaal fielend man dy't in soad foar De Tynje betsjutten hat. Sa wie er yn 1915 ien fan de oprjochters fan it molkfabryk 'De Volharding II' op De Tynje. Nei him is de Romke van Damwei neamd.

Van Dam troude op 3 septimber 1899 te Opsterlân mei Janke Nannes Kleefstra (1871-1951).[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogy Kleefstra