Springe nei ynhâld

Romantyk (leafde)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Romantyk (stimming))
In ôfbylding fan 'e balkonsêne út Shakespeare's Romeo en Julia, troch Ford Maddox Brown.

Romantyk is it oangename gefoel dat men ûnderfine kin troch de emosjonele oantrekking ta in oare persoan. Sa'n gefoel giet yn 'e regel mank mei leafde en faak ek mei erotyk. Yn 'e kontekst fan in romantyske leafdesrelaasje wurdt it begryp romantyk ornaris brûkt foar de eigentlike útdrukkingsfoarm(en) fan jins romantyske gefoelens, of foar jins djippe en sterke emosjonele winsk om mei in oare persoan in yntime relaasje oan te gean.

Histoarysk komt it begryp lykwols fuort út 'e ridderromans fan 'e Midsiuwen, dy't as ien fan harren wichtichste tema's de hoaske leafde hiene tusken in ridder en de frou fan dy syn lienhear. Sokke literatuer fûn syn oarsprong yn it Romaansktalige Frankryk, en waard dêrom in romance neamd, in term dy't yn it Frysk letter de foarm roman krige, in begryp mei in folle bredere betsjutting.

Romantyk yn minsklike relaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte minsken hawwe fan natuere de oanstriid om troch sosjale ynteraksje emosjonele bannen mei-inoar oan te gean. Soks kin sawol troch ferbale kommunikaasje as mei non-ferbale gebearten barre. De relaasjes dy't resultearje út it oangean fan emosjonele bannen binne foar it grutste part freonskiplik of familiaal. Foar de measte minsken groeit mar in lyts part dêrfan út ta romantyske relaasjes, en guon dêrfan bliuwe altyd platoanysk. Om't inkeld romantyske relaasjes ta fuortplanting liede (seksueel geweld bûten beskôging litten), ferfollet romantyk in krúsjale rol yn 'e minsklike maatskippij. Romantyske relaasjes bliuwe yn har ynfloed faak net beheind ta de beide (of soms mear as twa) dielnimmers, mar kinne ek in djippe ynfloed útoefenje op it omsteand laach.

Yn ferskate histoaryske en moderne net-Westerske maatskippijen lit de tradysje oan romantyk lang safolle spylromte net as dat men yn 'e hjoeddeiske Westerske maatskippij wend is. Soms wurdt dêrby sels in sûne romantyske relaasje tusken houlikspartners ûnmooglik makke (bgl. as der sprake is fan in twongen houlik). Ek is it mooglik dat der yn in tradysje beskate ferantwurdlikheden of ûnskreaune regels binne dêr't men jin oan hat te hâlden, en dy't de mooglikheid ta romantyk beheine.

Romantyk is ek in sjenre fan 'e literatuer, film en tillefyzje. As literêre utering wie it benammen tige populêr yn it dernei ferneamde histoaryske tiidrek fan 'e Romantyk, oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw. Mar ek tsjintwurdich noch bestiet der in libbene romantyske literatuer, dy't útinoar rint fan pulpromantsjes (dy't yn Nederlân gauris assosjearre wurde mei de Boeketreeks) oant wiere literêre wurken. Yn 'e film is sûnt likernôch 1980 de romcom of romantyske komeedzje tige populêr, in sjenre wêryn't in romantyske ferhaalline kombinearre wurdt mei brike foarfallen en kluchtige sitewaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.