RogReviews Fan Faves Award

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
RogReviews Fan Faves Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch RogReviews.com
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 2010
offisjele webside
www.rogreviews.com

De RogReviews Fan Faves Awards binne in groep Amerikaanske publyksprizen (fan faves, in ôfkoarting fan fan favorites), dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Se besteane sûnt 2010 en wurde útrikt troch de webside RogReviews.com, in blôch oer de Amerikaanske pornoyndustry troch pornografykritikus Roger T. Pipe. Dy skriuwt al sûnt 1995 resinsjes (reviews) oer pornofilms, en sette yn 1998 útein mei syn eigen webside. Fia dy webside kinne fans op harren leaflingsfilms stimme (foarsafier't dy troch Pipe besprutsen binne, fansels). Der is gjin útrikkingsseremoanje; de prizen wurde de winners tastjoerd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: