Rocamadour
| Rocamadour | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | Oksitaanje | |
| departemint | Lot | |
| arrondissemint | Gourdon | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 597 (2023)[1] | |
| Oerflak | 49,42 km² | |
| Befolkingsticht. | 12 ynw./km² | |
| Hichte | 110-364 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 46500 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 44° 48' N 1° 37' W | |
| Offisjele webside | ||
| www.rocamadour.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Rocamadour is in gemeente yn Frankryk en leit yn it Sintraal Massyf yn it departemint Lot. It stedsje is nei Lourdes it meast besochte beafeartsplak fan Frankryk.
Rocamadour is te beriken fanôf Sarlat en Souillak oer de D673.
De stêd is op in rots boud middenyn de Causse de Gramat, in útwrydsk laaistienplato en ûnderdiel fan 'e Causses du Quercy. Boppe op 'e rots stiet in kastiel. Oer in slingerjend paad (of mei de lift) kin it hillichdom berikt wurde, dat út in rige fan mei fresko's fersierde kapellen en in tsjerke bestiet. Oer in trep, dêr't in protte fossilen út 'e see te sjen binne, komt men ûnderoan de berch telâne. Dêr leit in toeristysk stedsje mei tige nauwe strjitten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it hillige plak is yn it Oksitaansk 'roc amator'; de rots fan Amadour. Dy rots is yn 'e iere midsiuwen troch Sint-Amadour útkeazen as wenplak.
Sint-Amadour liede in kluzenersbestean en wurdt yn in leginde identifisearre mei Zacheüs, in learling fan Jezus. Yn 'e leginde is er ek de man fan Sint-Feronika, mei wa't er út it Hillige Lân nei Rocamadour flechte.
Yn 'e 12e iuw waard ûnder de Us-Leaffrouwetsjerke fan it hjoeddeiske Rocamadour it lichem fan Sint-Amadour oantroffen, dat hielendal yntakt en net oantaaste wie. It lichem waard yn 'e kapel lein, dêr't minsken neitiid op syn werberte wachten, dy't lykwols net kaam. Letter is it lichem troch protestanten by ien fan it grutte tal godstsjinstoarloggen ferbaarnd.
Rocamadour waard in tige populêr beafeartsplak oan 'e pylgersrûte nei Santiago de Compostella. In soad bekende minsken kamen nei Rocamadour op pylgertocht lykas ek kening Loadewyk de Fromme en Hindrik III fan Ingelân, dy't yn Rocamadour op wûnderbaarlike wize genêzen wêze soenen fan in sykte.
Njonken de tombe fan Sint-Amadour is de Swarte Madonna fan Rocamadour ek in wichtige reden foar pylgertochten.
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken de stêd en it kastiel yn lizze sân hillichdommen oan 'e Parvis des Églises, te berikken troch in trep mei 223 treden, of in lift.
- Porte du Figuier, poarte út de 13e iuw
- Grand Escalier, trep mei 223 treden
- Porte du Fort, jout tagong ta de Enceinte sacrée, it hillige diel binnen de muorren
- Parvis des Églises, me de sân hillichdommen û.o.:

- Basilyk de Chapelle Notre-Dame, wûnderkapel
- trije kapellen: St. Jean-Baptiste, St. Blaise en St. Anne
- Basilique St-Sauveur
- Église St-Amadoer

- Chapelle Notre-Dame, mei de Swarte Madonna
- Chapelle St-Michel
- Bûtenmuorre
- Musée d'Art sacré Francis-Poulenc, wijd oan 'e komponist Francis Poulenc, dy't by syn besite oan Rocamadour yn 1936 Litanies à la Vierge noire de Rocamadour komponearre. It museum beskikt oer in skatkeamer.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
