Robert Bolton

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Robert Bolton

Robert Bolton (1572 - 16 desimber 1631) wie in Ingelske geastlike en akademikus, dy't bekind woarn is as predikant.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne op in Pinkstersnein yn Blackburn yn Lancashire as de seisde soan fan Adam Bolton fan Backhouse. Hy folge syn oplieding oan wat hjoed-de-dei Queen Elizabeth's Grammar School yn Blackburn is, dêr't syn heit in bestjoerder en stifter fan wie, en der waard fan him sein dat er "de bêste learling fan de skoalle wie". Doe't er 18 wie, waard er talitten ta it Lincoln College yn Oxford, dêr't John Randall stie. Hy wie in bejeftige studint, mar fanwegen it ferstjerren fan syn heit it oare jier, krige er te krijen mei finansjele problemen. Richard Brett stipe him. Hy ruile fan skoalle en gie nei it Brasenose College fan de Universiteit fan Oxford, dêr't in Lancashire "beurs" te krijen wie en krige dêr syn B.A. op 2 desimber 1596 en yn 1602 keazen waard as meiwurker en syn M.A. krige oan 30 july fan dat jier. Hy wie net bysûnder religieus op dat stuit en wie net ûnder de yndruk fan it preekjen fan William Perkins; Bolton sei dat Perkins mar in "gewoane lege keardel" wie.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy boaske oan Anne Boyse en it pear krige fiif bern, in soan Samuel Bolton en fjouwer dochters.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch Selected publications fan it Ingelsktalige artikel Robert Bolton.