Rob Groenhuyzen
Rob Groenhuyzen | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Gijsbertus Groenhuyzen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 4 maart 1941 | |
berteplak | Rotterdam | |
lingte | 1,87 m | |
gewicht | 85 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
O.S. | Tokio 1964 |
Robert Gijsbertus (Rob) Groenhuyzen (Rotterdam, 4 maart 1941) is in eardere Nederlânsk follyballer. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen en helle dêr gjin medalje by.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rob Groenhuyzen hearde ta de earste Nederlânske follybalploech dat ôffurdige waard nei de Olympyske Spullen. Yn 1964 waarden by de Simmerspullen yn Tokyo judo en follybal yntrodusearre as Olympyske sport. Nederlân waard by de Simmerspullen fan 1964 achtste fan de tsien dielnimmende lannen. Yn totaal hat Rob Groenhuyzen 46 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Lettere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Groenhuijzen wie ek polityk aktyf, sa wie hy lid fan de Reade Jeugd, in kommunistyske beweging yn Nederlân. Groenhuijzen waard yn 1977 oanhâlden yn Capelle oan de Isel yn in kelderboks dêr't wapens en oar ark foar in stedsguerilja opslein wiene[2]. Groenhuijzen waard feroardiele foar polityk motivearre oanslaggen en siet dêrfoar trije jier finzen.[3].
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|