Roarda fan Ginnum

Ut Wikipedy

Roarda fan Ginnum wie in Fryske krúsfarder dy't foarkomt yn in leginde.

As paus Innocentius III yn 1215 opropt ta de Fiifde Krústocht jouwe haadling Roarda fan Ginnum en syn broer Johan Roarda fan Ginnum gefolch oan de oprop. Hja giene oan board lykas in soad oare Friezen en Hollanners en farre út om ûnder lieding fan Willem I fan Hollân te striden. Doe't se yn it Hillige Lân oankamen stienen de legers fan de Kristenen tsjinoer de Sarasenen. In Moarske prins stapte yn folle wapenrissing út it leger fan de Sarasenen nei foaren en hy begûn de kristenen te bespotten en út te dagen. Doe't hy de kristenen oprôp ta in twastriid naam Roarda fan Ginnum de útdaging oan. Hy wist de Moar te deadzjen, ûnthalze him en naam de holle fan de prins op de punt fan syn swurd mei werom nei it Kristenleger. Nei dizze fikse died mocht it geslacht fan Ginnum in Moarske holle op syn wapen fiere en waard Roarda ta ridder slein. Mar syn broer Johan Roarda fan Ginnum sneuvele yn de striid tsjin de moslims. Fan de Aylva State, dêr't Roarda fan Ginnum wenne is tsjintwurdich neat mear werom te finen. Oant 1605 waard de stins bewenne.

De patriarch fan Jeruzalem joech yn 1218 blyk fan grutte wurdearring foar de Friezen troch te ferklearjen dat:

alle, die van Oostergo, dewelken het kruis aangenomen hebben, en zo op hunne reis naar Jeruzalem, als naderhand, wanneer ze met ons in Egypte aangekomen zijn, groote moeyelykheden in zwaarigheden en onkosten geleeden hebben [...] En wij geeven eene loflijke getuigenis aan het Vriesche Volk; omdat de voorgemelden zich wel gedragen en in dienst van Jezus Christus Godvruchtlijk gearbeid hebben.