Springe nei ynhâld

Riuwen

Ut Wikipedy
riuwstek

Riuwen is in term dy ’t brûkt wurd by naaien. Riuwstekken wurde dan brûkt om flugge, tydlike naden oan te bringen, mei as doel om se letter wer fuort te heljen. Foar it riuwen wurdt in goed ôfstekkende kleur brûkt, meastal wyt. It spesjale riuwjern is – oars as by oare jernsoarten – mei opsetsin swak makke sadat it ienfâldich troch te brekken is.

Riuwen wurdt op ferskate manieren dien, ôfhinklik fan it doel:

  • Om tydlik in seam of naad oan te bringen, oant dizze permanint oanbrocht wurde kin. Dit kin mei de hân dien wurde, of mei in spesjale naaimasine.
  • Om tydlik in kanten kraach, rûskes of oare ôfwurking op klean fêst te meitsjen, sadat it ûnderdiel der maklik ôfhelle wurde kin om it skjin te meitsjen, of om it op in oar stik klean te dragen. Yn dit gefal wurde de riuwstekken mei de hân makke, op sa ’n manier dat se hast net mear te sjen is oan de bûtenkant fan it kleanstik.
  • Om markearring fan it tekenpatroan op de stof oer te bringen, bygelyks om it punt te markearjen wêr ’t twa stikken stof tsjin elkoar passe moatte. Hjirfoar wurdt in spesjale losse luskestek brûkt. Dit wurdt faak dien as twa tsjinoerstelde pânen fan it kleanstik tsjin elkoar oan lizze, sadat de stek op eksakt itselde plak makke wurdt. De stek wurdt dêrnei trochknipt, sadat de markearring sitten bliuwt