Springe nei ynhâld

Riptemastate

Ut Wikipedy
Hjoeddeiske pleats op it steed yn 2010

Riptemastate of Riptastate wie in state benoarden Eanjum, gemeente Dongeradiel, efter it hjoeddeiske pân Bantswei 10. Fan de stins is neat mear werom te finen, mar op it perseel leit noch altiten in hústerp. Njonken it terrein stiet noch in wenhûs.

Oer it ûntstean is neat bekend. Gabbe Riptema, de eigener yn 1511, ûntliende grif syn namme oan dizze state/stins. Mooglik wie it ea troch syn famylje bewenne; hy sels wenne yn Dokkum. Hy waard yn 1505 ûnder de eallju fan Dongeradiel neamd. Gabbe wie eigener fan mear guod yn de omkriten. Sa ûnder mear fan Bottemastate yn Moarre, fan in rinte fan 14 stuorren út in oar guod dêre, en fan de helt fan in sate yn Berchhuzen yn Easternijtsjkerk. Gabbe feroare op syn stjerbêd yn 1514 syn testamint: hy bepaalde dat in rinte út in guod yn Nijewier nei de dea fan syn beide susters Frouck en Oede yn it kleaster Sion, ynstee fan oan de earmen fan Dokkum, foar de iene helte oan Sion en foar de oare helte oan Gerkeskleaster, dêr't syn broer Sypke wenne, komme moast. Rents Bottema yn Moarre wie grif in dochter fan Gabbe Riptema; yn elk gefal wie se ien fan syn erfgenamten. Alle hjirboppe neamde stikken lân dy't yn 1511 eigendom fan Gabbe wiene, komme nammentlik ek yn har testamint foar. Ynkomsten út Riptema fererven om 1550 op de bern fan Rents syn soan Gabbe fan Aesgema, yn 1574 brocht ien fan harren, Catharina fan Aesgema dy yn yn har houlik mei Hessel Aysma. Yn 1640 en letter waard Riptasate troch aadlike eigeners (1640 Meckema widdo fan Diepholt, 1700 Burmania widdo. Humalda) ferpachte.

  • 1511 Gabbe Riptema
  • foar 1550 Rents Bottema
  • Gabbe fan Aesgema
  • bern fan Gabbe fan Aesgema
  • 1574 Catharina fan Aesgema en Hessel Aysma (diels eigener ?)
  • 1640 Meckema widdo fan Diepholt
  • 1700 Burmania widdo Humalda

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen