Rinus Dijkstra (sjonger)

Ut Wikipedy
Rinus Dijkstra (sjonger)
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cathrinus Dijkstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 oktober 1969
berteplak Drachten
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
grutste hit(s) Hey Marlous, Eet veel bananen
jierren aktyf 2009-no

Cathrinus (Rinus) Dijkstra (Drachten, 19 oktober 1969 [1]), better bekend ûnder syn artystenamme Zanger Rinus, is in Nederlânske sjonger.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 brocht Rinus it liet Hey Marlous út, in bewurking fan it nûmer Schöne Maid, hast Du heut' für mich Zeit fan de Dútske sjonger Tony Marshall út 1972. Hey Marlous giet oer sjongeres Marlous Oosting.[2] By it grutte publyk krige er der bekendheid mei trochdat it telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door der yn in útstjoering omtinken oan joech yn de rubryk De tv draait troch.

Dêrnei folgen noch mear klips, lykas Hé Kastelein (2010) en Met Romana op de Scooter. Dat lêste liet waard op 8 july 2011 op YouTube set en waard binnen fiif dagen goed 300.000 kear besjoen. It nûmer luts ek ynternasjonaal gâns besjoch: op it Amerikaanske nijsblog The Huffington Post waard in artikel oan de klip wijd. [3] Syn nûmer mei Ronnie Ruysdael Eet veel bananen, útbrocht op 24 desimber 2012, is op YouTube hast 8 miljoen kear besjoen.

Yn syn fideoklips is syn libbenspartner Debora (sûnt 1998) ek faak te sjen. Beide binne ek te sjen yn de klip by it nûmer Make you pop fan produsint en dj Don Diablo.

Rinus Dijkstra is licht ferstanlik beheind. Yn it deistich libben is er houtbewurker yn in sosjale wurkpleats. [4]

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hey Marlous (2009) (oarspronlik fan Tony Marshall mei Schöne Maid, hast Du heut' für mich Zeit)
  • Ik ben een kermiskind (2009)
  • Verliefd op het meisje van de oliebollenkraam (2009) (orzjineel fan De Slijpers mei De Slijpers van Parijs)
  • Hé kastelein (2010)
  • Ushi Dushi (2010)
  • Met Romana op de scooter (2011), nr. 98 iTunes Top 100 (orzjineel fan Vader Abraham mei Uche, uche, uche) (skreaun troch Mike Jansen)
  • De rups (2011)
  • Jij mag eerder rijden (Kiele kiele kiele een auto heeft 4 wielen) (2011)
  • Heb jij mijn piek gezien? (2011)
  • My Jinglebells Are Gone (2011)
  • Make you pop (2012)
  • We are de Sjampions (2012) (EK-hit)
  • Met Sharon in een luchtballon (2012)
  • Eet veel bananen (2012) (mei Ronnie Ruysdael)
  • Op de bakfiets naar Tirol (2013)
  • Hey Marlous (Duitse versie) (2013)
  • Koele Piet Piet Piet (2013)
  • Clean This Shit Up (2013) (mei û.o. Rapper Sjors, De Stoopjes, Johan Bos en Eric van Tijn)
  • Waar moet ie in? (2014) (WK-hit)
  • Carnaval met Rinus (2015)
  • De straat is mijn camping (2015)
  • Oh Chantal! (Wanneer blijf je bij me slapen?) (2016)
  • Doutzen (2017)
  • De Rode Duivels (2018) (WK-hit)
  • Witte Broek En Rode Trui (2022) (Ottersum anthem)
  • Wil je mij wel even aaien (2023)

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Filmpje zanger Rinus hit in Verenigde Staten, Ljouwerter Krante, 14 july 2007 (boarne foar bertejier)
  2. Waldnet.nl
  3. Zanger Rinus and Romana Chill On A Scooter In Bizarre Dutch Music Video, Huffington Post, 13 juli 2011. Bekeken 13 juli 2011
  4. Over Zanger Rinus – Zanger Rinus Dijkstra 7 maart 2018