Ringwielgrêft
Appearance
De Ringwielgrêft is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn 1998 is tusken de Tsjerkesleat en it Ringwiel een kanorûte groeven. Op foarstel fan it bestjoer fan de feriening foar Doarpsbelangen Aldegea is oan dit wetter de namme Ringwielgrêft jûn. De Ringwielgrêft is in ûnderdiel fan in kanorûte troch de gemeente Wymbritseradiel. Oer de Tsjerkesleat is ein 1999 in romaanske brêge boud.
De namme Ringwielgrêft jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Ringwielgracht.