Springe nei ynhâld

Ringiastate

Ut Wikipedy
De homeiepeallen fan Ringiastate

Ringiastate wie in state yn Blessum dy’t boud waard yn de 15e iuw. Oan de kant fan de Buorren is in herinnering oan de state bewarre bleaun. It binne homeiepeallen út de iere 18e iuw. De fjouwerkante groeve pylders binne kanneleard en drage byldhoude fazen yn barokstyl. Yn 1823 is op it stee in nije pleats boud.