Richard Stallman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Richard Stallman; foto fan in boekomslach, 2002

Richard Matthew Stallman (New York City, 16 maart 1953), troch himsels ôfkoarten as rms is in Amerikaanske programmeur dy't in grutte ynfloed hân hat op technyske, juridyske en sosjale aspekten fan frije software.

Hy is de haadûntwikkelder fan de teksteditor Emacs en fan de C-compiler GCC. Ek is hy Free Software Foundation en it bestjoeringssysteem GNU begûn. GNU is in frij bestjoeringssysteem, faak brûkt yn kombinaasje mei de Linuxkernel, en dêrom ek wol GNU/Linux neamd.

Richard Stallman is ek de grûnlizzer fan it prinsipe fan frije software en copyleft en hat de dêrop basearre lisinsjes GPL en LGPL mei ûntwurpen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: