Richard Gibson (akteur)

Ut Wikipedy
Richard Gibson (akteur)
akteur
Richard Gibson, 2011
Richard Gibson, 2011
persoanlike bysûnderheden
berne 1 jannewaris 1954
berteplak Kampala
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 1970 oant no

Richard Gibson (Kampala, 1 jannewaris 1954) is in Britsk akteur. Hy is fral bekend fan syn rol as Gestapo-ofsier Herr Otto Flick yn de Britske komedyrige 'Allo 'Allo!.

Yn 1970 wie er te sjen yn syn earste grutte film yn de rol fan Marcus, The Go-Between, in romantysk drama. Dêrnei hie er in rol yn in minisearje op de telefyzje en yn 1973 spile er in jonge ferzje fan it personaazje Anthony Farrant yn de film England Made Me en hie er rollen yn oare tillefyzjerigen, ûnder oaren The Children of the New Forest, ear't er de rol fan Herr Otto Flick op him naam yn 1982 yn de pilot fan de searje 'Allo 'Allo!. Dêrnei folgen fan 1984 ôf oan acht seizoenen. Yn 1992 wie er foar it lêst Herr Otto Flick, it personaazje waard it seizoen dêrnei troch in oare akteur spile.

Neist dy rol hie er net in protte oare rollen. Ek nei it ophâlden mei 'Allo 'Allo! ferskynde Gibson net folle mear yn oare rollen op tillefyzje.

Hy spile njonken film en tillefyzje ek rollen yn it teäter. Nei't 'Allo 'Allo! dien wie en er it teäter yngie, spile er fannijs de rol fan Herr Otto Flick. Yn dy foarstellings wiene Herr Otto Flick en de akteur ek fan in oare kant te sjen, bygelyks as fioelist.