Richard Asher

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Richard Asher

Richard Asher (Brighton, 3 april 1912Marylebone, 25 april 1969) wie in Britsk ynternist en publisist. Hy wie dejinge dy't yn 1951 it Syndroom fan Munchausen beskreau, en in namme joech, yn it medysk tydskrift The Lancet.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie in soan fan dûmny Felix Asher, en Louise Stern. Op 27 july 1943 boaske er oan Margaret Augusta Eliot, in beropsmuzikus dy't les joech oan de Guildhall School of Drama and Music; sy krigen trije bern:

  1. Peter Asher (1944) - De helte fan it duo Peter & Gordon en letter plateprodusint
  2. Jane Asher (1946) - de Ingelske aktrise
  3. Clare Asher (1948)

Asher is yn't foarste plak bekend wurden troch syn stikjes dy't er yn in tal medyske tydskriften, fral The Lancet, skeau, en dy't ek yn ferskillende dielen bondele waarden. Dy essays wurde noch altyd troch fral dokters lêzen. Se binne tige lêsber, yn in glêsheldere styl skreaun en befetsje in protte dingen oer de medyske wittenskip dy't it omtinken tige wurdich binne.

Hoewol't Asher ynternist wie, hie er in protte niget oan psychiatry en seach en behannele er ek minsken dy't mei slimme psychiatryske problemen opnaam wiene. Hy bespeurde û.o. dat hypotyreoïdy soms mank gie mei psychoazen en paranoia. (Myxedematous Madness, opnaam yn Talking Sense). Fanwege fierdergeande spesjalisearring en it ôffreedzjen fan dielmêden fan medyske spesjalismem mocht er dat net mear dwaan. Dat stiek him bot en hat faaks sines dien oan syn lettere depresjes.

Richard Asher makke der yn 1969 in ein oan nei in lange tiid fan depresjes.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Der is in literêre priis nei him ferneamd, de 'Richard Asher prize', dy't fan 1995–2010 takend waard oan de skriuwer fan it bêste nije medyske learboek. It prizejild (1200 pûn) kaam fan in anonime donor.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • A. F. Jones (ed.), Richard Asher Talking Sense, Londen: Pitman (1972), 179 pp. ISBN 0273000675
  • British Medical Association. A sense of Asher: a new miscellany. Londen: BMA, 1984.