Springe nei ynhâld

Reuzeberchtme

Ut Wikipedy
Reuzeberchtme
De Sniekop
Alpine fegetaasje op de Riesenkamm (1400 m), east fan de Sniekop

It Reuzeberchtme (Tsjechysk: Krkonoše, Poalsk: Karkonosze, Dútsk: Riesengebirge) is in berchtme op de grins fan Tsjechje en Poalen. It is part fan de bercgkeatling fan de Sudeten. It Reuzeberchtme is likernôch 40 kilometer lang en goed 20 kilometer breed. De trochsneed hichte is 1200 meter mei in stikmannich útsjitters nei boppe.

It berchtme tanket syn namme oan de reus Rübezahl (Tsjechysk: Krakonoš, Poalsk: Karkonosz) dy't dêr neffens de ferhalen tahâlde.

De heechste berch is de Sniekop (Tsjechysk: Sněžka, Poalsk: Śnieżka, Dútsk: Schneekoppe), dy't op de Poalsk-Tsjechyske grins leit en oant 1603 m boppe seenivo rikt. Oare berchtoppen binne de Lucní hora (1555 m), de Studnicná hora (1554 m) en de Vysoké kolo (1506 m). De haadkaam fan it Reuzeberchtme rint likernôch lykop mei de Poalske grins. De haadkaam hat ûnder oaren de niisneamde Sniekop en Vysoké kolo en fierders de granytrotsen Musžké kameny ('Manljusrots') en Dívčí kameny ('Famkesrots').

De rivier de Elbe begjint as in beekje yn it berchtme oan de Tsjechyske kant. De noardside wetteret ôf op de Bóbr dy't yn de Oder útmûnet. Dat it Reuzeberchtme is de wetterskieding tusken de Noardsee en de Eastsee. It Reuzeberchtme foarmet ek de streamkrite fan de rivieren de Jizera, de Mumlava en de Úpa.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]