Springe nei ynhâld

Reutlingen

Ut Wikipedy
Reutlingen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Reutlingen
Sifers
Ynwennertal 116.456 (2021)
Oerflak 87,04 km²
Befolkingsticht. 1.338 ynw./km²
Hichte 382 m.
Oar
Postkoade 72760–72770
Koördinaten 48° 29' N 9° 46.1' E
Offisjele webside
www.reutlingen.de
Kaart
Reutlingen (Baden-Wuertemberch)
Reutlingen

Reutlingen is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd is sûnt 1988 in Dútske Großstadt.

De âldste spoaren fan delsettings op it stedsgebiet fan Reutlingen datearje fan de lette stientiid. Op de Achalm, ien fan de hegere bergen yn 'e omkriten fan Reutlingen (likernôch 706 m), wurdt al sûnt de jierren 1970 groeven en dêr wize argeologyske fynsten út dat der al foar de Romeinske tiid fêste bewenning wie, fral yn de Urnenfjildetiid (10e-9e iuw f.Kr.) en de Keltyske tiid (tusken de 6e en de 4e iuw f.Kr.). Ut de tiid fan de Alemannen binne op it stedsgebiet ferskillende plakken fan fêste bewenning fûn. De útgong -ingen yn de namme Reutlingen wiist op in Alemannyske stifting.

Goatyske Marijetsjerke (Marienkirche)

Greve Egino sette folle letter om it jier 1030 hinne útein mei de bou fan in kastiel boppe op de Achalm. It kastiel waard troch syn broer Rudolf foltôge. Yn de 15e iuw rekke it kastiel yn ferfal en yn de Tritichjierrige Kriich folge de sloop. In soad stiennen waarden as boumateriaal brûkt foar de hûzen yn 'e stêd. Ien fan de tuorren fan dat kastiel, dat iepensteld is foar toeristen, waard yn de 19e iuw boud. Al gau nei de bou fan it kastiel waard de namme Reutlingen foar it earst yn it 11e iuwske saneamde Ferdrach fan Bempflingen (1089 of 1090) neamd, in oerienkomst weryn't de greven Kuno fan Wülflingen († 1092) en Liutold fan Achalm († 1098) oan de iene kant en harren neef greve Werner IV fan Grüningen oan de oare kant in erfenis regelen.

Yn 1182 ferliende keizer Freark I merkrjochten oan Reutlingen. Mear stedsrjochten folgen fan keizer Otto IV yn 1209. De stêd waard in frije ryksstêd. De Marijetsjerke, ien fan de belangrykste goatyske bouwurken yn Wuertemberch, waard yn 1343 foltôge.

Nei it begjin fan de reformaasje yn 1519 waard Reutlingen ûnder de ynfloed fan de protestantske preker Matthäus Alber ta in bolwurk fan de protestantske leare yn it súdwest fan Dútslân. Foar lange tiid jilden boargerlike rjochten allinne foar protestanten. Oant 1860 wie it joaden ferbean om harren yn de stêd nei wenjen te setten en yn it bêste gefal waarden katoliken as tsjinstfeinten of -fammen tolerearre.

De stedsbrân fan 1726
Gabriel Bodenehr

Tige slim wie de grutte stedsbrân yn 1726. In grut part fan de histoaryske stêd waard doe ferneatige; likernôch 80% fan alle hûzen en de measte belangrike gebouwen baarnden ôf. Dochs foelen der hast gjin deadlike slachtoffers. Oan it begjin fan de 19e iuw rekke de stêd yn de Frânske tiid de status fan frije ryksstêd kwyt en de stêd waard ûnderdiel fan it hartochdom en lettere keninkryk Wuertemberch.

De stêd waard oan it ein fan de Twadde Wrâldkriich yn fjouwer loftoanfallen foar 25% ferneatige. Om mear oanfallen tefoarren te kommen joech Oskar Kalbfell op 20 april 1945 de stêd oan de Frânske troepen oer, wêrmei't fierdere ferneatiging tefoarren kommen waard.

Njonken de kearnstêd (Reutlingen-Mitte) binne der noch 12 oare stedsdielen, earder selstannige gemeenten dy't tusken 1907 en 1975 by Reutlingen yndield waarden. Dy plakken hawwe allegear in lokaal bestjoer, dy't tagelyk mei de gemeenteried fan Reutlingen keazen wurdt. De lokale bestjoeren hawwe by wichtige saken in bydrage yn it beslútfoarmingsproses en kieze ek in boargemaster. De gemeenteried hat lykwols lang om let it lêste wurd.

De tolve stedsdielen fan de stêd Reutlingen binne:

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynwennerferrin fan Reutlingen sûnt 1871

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Reutlingen.