Repurchase agreement

Ut Wikipedy

In repurchase agreement ('weromkeapoerienkomst'), ek wol bekend as in repo, RP, as sale and repurchase agreement, is de ferkeap fan weardepapieren tegearre mei in oerienkomst foar de ferkeaper om de weardepapieren letter werom te keapjen. De weromkeappriis moat dan grutter wêze as de oarspronklike priis, It ferskil fertsjintwurdigt de rinte. Soms wurdt dizze de repo rate neamd. De partij dy’t oarspronklik de weardepapieren keapet, handelt as in útliener. De oarspronklike ferkeaper is feitliken handeljend as in liener, dy’t syn weardepapieren brûkt as collateral (ûnderpân) foar syn garandearre opbringst mei in fêst rintepersintaazje.
In repo stiet gelyk oan handel yn weardepapieren kombinearre mei in forward contract (kontrakt foar de ferkeaper om it kochte werom te keapjen op in fêst momint tsjin in ôfsprutsen priis). De ferkeap resultearret yn de oerdracht fan jild oan de liener foar wettelike oerdracht fan de weardepapieren oan de útliener, wylst it forward contract de werombetelling fan de liening fersekert oan de útliener as werombetelling fan de collateral oan de liener. It ferskil tusken de weromkeappriis en de direkte ferkeappriis is feitliken de rinte fan de liening en de eindatum fan it forward contract is de ferfaltermyn fan de liening.