Springe nei ynhâld

Renske Leijten

Ut Wikipedy
Renske Leijten yn 2012

Renske Maria Leijten (Leien, 17 maart 1979) is in Nederlânske politika foar de SP. Sûnt 30 novimber 2006 is sy Twadde Keamerlid, sy hâldt de portefúlje Sport en Jongerensaken. Op 15 juny 2010 waard Leijten mei 41.115 foarkarstimmen fannijs keazen as twadde efter listlûker Emile Roemer[1].

Leijten wie fan 2005 oant 2007 foarsitter fan SP-jongerenorganisaasje ROOD. Sy waard al yn har studintetiid yn Grins aktyf foar ROOD.[2] Teffens wie hja persoanlik meiwurker fan SP-foarsitter Jan Marijnissen en lid fan it deistich bestjoer fan de SP. Yn 2006 waard sy as nûmer njoggen op de list yn de Keamer keazen.

Koart nei har ferkiezing waard Leijten yn it iepenbier te plak set troch partijlieder Jan Marijnissen yn it programma Pauw & Witteman, doe't sy besocht goed te praten dat der ôfbylden fan Mao by in webloch stiene op de side fan ROOD.

Leijten wennet yn Haarlim en studearre Nederlânske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins; hoewol't hja fan doel wie yn it krystreses 2006-2007 ôf te studearjen op in skripsje oer feministyske literatuerkrityk[3], hat sy har master-titel nea helle troch tiidkrapte.[4]

Leijten hold har maidenspeech op 28 maart 2007 by it debat oer de mooglikheid om mei stúdzjefinansiering yn it bûtenlân te studearjen.

Fanwegen kreamferlof waard se as Twadde Keamerlid fan 6 febrewaris 2014 o/m 13 maaie 2014 ferfongen troch Tjitske Siderius en fan 14 maaie 2014 o/m 28 maaie 2014 troch Henri Swinkels.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "De Kamerleden van de SP" De Pers, 15 juny 2010
  2. Renske is geen groentje meer. Universiteitskrant, 9 novimber 2006
  3. Ik ben ineens mevrouw Leijten geworden. Universiteitskrante, 14 desimber 2006
  4. Eigen ferklearring