René Zwaap

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

René Zwaap (Rotterdam, 1961) is in Nederlânsk sjoernalist, skriuwer en publisist.

Zwaap presintearre de alderearste royalty-rubryk op de Nederlânske telefyzje, de Appeltjes van Oranje (1994). Hy skriuwt ûnder oare foar de De Groene Amsterdammer, Nieuwe Revu, Algemeen Dagblad, Het Parool, Brabants Nieuwsblad/De Stem, De Republikein, De Staatskrant en ferskaat oan Portugeeske en Brazyljaanske blêden. Tegearre me Mohamed el-Fers betocht en makke er MokumTV op de Amsterdamske lokale stjoerder Salto A1.

Zwaap wûn in 2000 de Mercur-priis foar 'Bêste Redakteur/kollumnist fan it jier'.

Hy publisearre de novellebondel De woestijnen van de liefde (1992), de biografy De Vader van Pietje Bell (oer Chris van Abkoude, yn'e mande mei Jan Maliepaard) en biografyske stúdzjes oer keizer Wilhelm II, J. Slauerhoff, Arthur Rimbaud, Jack Kerouac en Ernest Hemingway.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]