Springe nei ynhâld

Reinder Pieters van Calcar

Ut Wikipedy
Reinder Pieters van Calcar
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1872
berteplak Feanwâlden
stoarn 1957
stjerplak Leien
wurkpaad
berop/amt Dokter, heechlearaar
aktyf as Bakteriolooch, rektor magnifikus

Reinder Pieters van Calcar (Feanwâlden, 11 oktober 1872 - Leien, 23 april 1957) wie in Nederlânske dokter en bakteriolooch. Hy wie as heechlearaar ferbûn oan de Universiteit Leien.

Van Calcar waard berne yn Feanwâlden as soan fan dûmny Hendrik van Calcar (Nieuwolda, 1838 - 1915) en Fenna Tjabbina Westerdijk (Assen, 1848). Hy gie nei de HBS yn Snits dêr't foar it eineksamen slagge doe't er 16 wie. Dêrnei studearre er fan 1892 oant en mei 1896 medisinen oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1897 waard er beneamd ta arts en wurke yn ferskate sikehuzen. Dêrnei waard er hûsdokter by in praktyk yn de Amsterdamske Jordaan.
Yn 1905 folge syn beneaming ta heechlearaar bakteriology en sûnenslear oan de Universiteit Leien. Hy folge dêr Theodorus Hendrik Mac Gillavry (1835–1921) op. Op 29 septimber itselde jier hold er syn oraasje mei de titel Het hedendaagsch standpunt van het Toxine-vraagstuk. Teffens waard er oansteld ta direkteur fan it bakteriologysk laboratoarium fan de Universiteit fan Leiden.

Under de Earste Wrâldoarloch waard Van Calcar bekend fanwegen syn eksperiminten mei bargefoer. Hy besocht mei help fan bakteriologyske prosessen in alternatyf feefoer te ûntwikkeljen út fiskôfval en strie. Twa grûnstoffen dy't nettsjinsteande de oarloch noch by de rûs foarhannen wie. Der waard yn fabryk yn Leien ynrjochte foar de produksje. Dy proeven smieten lykwols úteinlik neat op.
Yn it kolleezjejier 1920-1921 wie er rektor-magnifikus fan de Universiteit Leiden. Yn 1935 folge earfol ûntslach meidat de learstoel fan Van Calcar fuortbesunige waard. Dy besuniging hat ta rjochtlike prosedueres tusken Van Calcar en it kolleezje fan kuratoaren laat. By gelegenheid fan syn tachtichste jierdei waard ta syn eare troch syn freonen de Prof. Van Calcar stichting oprjochte. Dy stichting besocht earmelju te stypjen.

Op 23 april 1957 waard er dea fûn yn syn wenning yn Leiden. It die bliken dat de kachelpiip ticht siet.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calcar troude twaris. It earste houlik waard op 7 juni 1901 yn Rheden sletten mei Jacoba Catharina de Gravere (Meester Cornelis (Nederlânsk-Ynje), 16 juny 1875 - Oosterbeek, 2 april 1964). Nei de skieding fan syn earste frou boaske er op 7 oktober 1920 yn Leiden oan Sara Verrips (Vinkeveen, 14 maaie 1889), dochter fan Gerrit Otto Verrips en Johanna Koppen. Ut beide houliken hie er bern.

In kar:

  • Klinisch-biologische studiën over het mechanisme der infectieziekten. Amsterdam 1904
  • Het hedendaagsch standpunt van het toxine-vraagstuk. Amsterdam 1905
  • Leerboek der klinische bacteriologie. Leien 1906
  • Dialyse, Eiweisschemie und Immunität. Leien 1908
  • Immunitätsreaktionen und einige ihrer praktischen Verwendungen für Klinik und Laboratorium. Leien 1908
  • Tuberkulose und Immunität. Leien 1910
  • Over de aetiologie van het carcinoom. Leien 1911
  • Voordrachten over algemeene biologie. Leien 1915
  • De beteekenis der voedingsleer bij schaarschte van levensmiddelen. Leien 1917
  • Ontwikkeling en beteekenis der moderne bacteriologie. Leien 1921
  • Der magenlose Hund und die Achylia gastrica. Leien 1925
  • Die Ursache des Carcinoms. Leden 1926
  • De psychologie der beroepskeuze arts en onderwijzer. Leden 1929
  • Over de psychologie van den angst en haar beteekenis voor de opvoeding. Leien 1930
  • Over de psychologie van het rapport Welter en over reorganisatie. De Haach 1932
  • Natuurkennis en levensbeschouwing, rassenhygiène of rassendegeneratie. Leien 1933
  • Crisis en Revolutie. Rotterdam 1934
  • De meester, herinnering aan Prof. Dr. C. Snouck Hurgronje (1857-1936). 1936

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van Calcar in de Webstee Leidske Heechleararen
  • Prof. R. P. van Calcar eervol ontslagen. Yn: Leidsch Dagblad. 2 novimber 1935 s. 1 (Online)
  • Tragisch gevolg van defecte kachel. Prof. R. P. van Calcar dezer dagen op 84-jarige leeftijd overleden. Yn: Leidsch Dagblad. 26 april 1957, s. 3 (Online)