Springe nei ynhâld

Reidingpark

Ut Wikipedy
Reidingpark op kadastrale kaart 1832

It Reidingpark is in lyts park yn Drachten oan De Drift, neamd nei de famylje Reiding dy’t yn de 19e iuw in soad ynfloed hie yn Smellingerlân. It park hat âlde iken, strewiel in wetterpartij en in keunstmjittige hichte, de saneamde ‘Drachtster berch’ en hat oan trije siden in greft. De Berchloane (fan 1937-1939 Burgemeester Reidinglaan hjitten), rint parallel oan de súdkant fan it park.

De krekte âldens fan it parkje is net wis, mar it moat tusken 1808 en 1828 oanlein west hawwe. Gemeentesekretaris Sijtze Fokkes Reiding, bewenne begjin 19e iuw in hûs oan de Suderbuert en kocht in pear kampkes lân efter syn hûs. In diel wie doe al in plantagie met boomen. Syn soan Fokke Sijtzes Reiding liet dêr in mânske, djippe parkeftige tún fan meitsje en liet yn it ramt fan wurkferskaffing de 'berch' opsmite. It hjoeddeiske park is it efterste twatredde part fan dy tún. It terrein hie in grientetún, in hôf, in lange fiver, in simmerhúske en it meast eastlike part wie pleyziertuin. [1]Yn 1916 kocht notaris De Jong Posthumus it hûs en tún fan de dames Reiding.

Yn de jierren-1930 wie it park fan de VVV en mocht der kuiere wurde, der moast lykwols foar betelle wurde en dat late ta in fiks eksploitaasjetekoart. Yn de jierren 50 waard der sprutsen fan 'It parkje fan Rome' en 'Roomse Berg', omdat de RK Stichting Drachten doe eigner wie. Yn 1959 waard it park oerdien oan de gemeente en krige yr. Hein Otto (1916-1994) de opdracht in ûntwerp ta ferbettering te meitsjen. Ynfloeden fan lânskipsarjitekten sa as Thijsse, Heimans en Roodbaard binne werom te finen yn it plan. [2]

Yn 2009 lei it der frijwat ferwyldere hinne, dat der waard besletten ta opkreazjen fan it park. It parkje waard iepener makke, krige nij strjitmeubilêr (bankjes, ferljochting en in tribune op de ‘berch’) en moat sa in gaadlik plak foar kulturele foarstellings wurde en wol bern útnûgje om dêr te boartsjen. It nije park waard 30 maaie 2010 offisjeel iepene.

By de yngong oan De Drift stiet in keunstwurk fan Ids Willemsma, De Bôge. It is in byld dat bestiet út in plaat fan stiel, yn in hoeke fan 45 graden omheech set, dy’t in bôge skoarret, dy't bestiet út in stikmannich rjochthoeken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kadaster 1832 by Historisch Geografisch Informatiesysteem (HISGIS).
  2. Frysk Deiblêd, 1 maaie 2007. Auteursrecht Reidingpark
  • Oostra, Jolt, Drachster namen. Toponymy van Drachten, 1997