Reichsdeputationshauptschluss
It Reichsdeputationshauptschluss (om krekter te wêzen: it Hauptschluss der außerordentlichen Reichsdeputation; oerset: "it Haadbeslút fan de bûtengewoane Ryksôffurdiging") waard op 25 febrewaris 1803 yn it âlde riedshûs fan Regensburg fêstlein en foarme de basis fan de lêste belangrike wet fan it Hillige Roomske Ryk.
Mei de Frede fan Lunéville yn 1801 kaam der in ein oan de Twadde Koalysjeoarloch tsjin Frankryk. As gefolch dêrfan karde in kommisje fan de Dútske Ryksdei op inisjatyf fan Frankryk yn 1803 it Reichsdeputationshauptschluss goed.
Om de Dútske steaten dy't troffen waarden troch de oerdracht fan de lofterkant fan de Ryn oan Frankryk te kompinsearjen foar harren gebietsferliezen, waard it Hillige Roomske Ryk reorganisearre mei territoriale, konstitúsjonele en tsjerklike feroarings. Hast alle tsjerklike foarstedommen en lytsere ryksstêden waarden opheft. In soad tsjerklik besit waard sekularisearre en de measte ryksstêden waarden opnommen yn de nije steaten. Sa waard it tal steaten foars lytser en dy't oerbleane faak grutter, itjinge as foardiel hie dat dy better tarist wiene om it lân te bestjoeren.
De ûnteigening fan abdijen en tsjerkelân fan fral de Roomsk-Katolike Tsjerke late ta in folle swakkere posysje fan de Tsjerke. It besit waard oerdroegen oan de stêden en de wrâldske foarstedommen. Troch de opheffing fan de roomske karfoarstedommen krigen boppedat de protestanten de oerhân yn de Reichsfürstenrat (Keizerlike Ried fan Foarsten) en it Kurcollegium (Ried fan Karfoarsten), dêr't foarsten it rjocht hiene in kening te kiezen.
Meiïnoar waarden twa karfoarstedommen, 9 heechstiften, 44 ryksabdijen en 45 ryksstêden opheft. Foar in gebiet fan 45.000 km² en hast 5 miljoen minsken bestutte it Reichsdeputationshauptschluss nije hearskers.
Mei it ferlies fan de geastlike foarsten en de tradisjoneel oan de keizer trouwe ryksstêden ferlear de keizerlike rykskohesy syn belangrykste pylders. De útfiering fan it Reichsdeputationshauptschluss betsjutte de oantaasting fan de fûneminten fan it Hillige Roomske Ryk. Neffens de skiedkundige Christopher Clark bestie it besteansrjocht fan de it Ryk út it beskermjen fan it grutte ferskaat oan polityk en stannen fan it âlde Midden-Europa. Troch de ûndergong fan de tsjerklike foarstedommen en de measte keizerlike stêden as gefolch fan it Reichsdeputationshauptschluss, wûn de ambysje fan de gruttere foarstedommen neffens steatssoevereiniteit oan belang.
Op 6 augustus 1806 lei de lêste Roomsk-Dútske keizer Frâns II de keizerskroan del en ferklearre er it Ryk foar ûntbûn. Alhoewol't dy stap al yn de planning stie, joech Napoleon's ultimatum fan 22 july de trochslach: as keizer Frâns net op 10 augustus ôfgyng, dan soene de Frânsen Eastenryk oanfalle. Om 't er it ferlies fan status al lang oan seach kommen, hie Frans II twa jier earder op 11 augustus 1804 it Eastenrykske Keizerryk útroppen en sûnt 6 augustus 1806 neamde er him Frâns I fan Eastenryk.