Springe nei ynhâld

Regionaal Histoarysk Sintrum

Ut Wikipedy

In Regionaal Historisch Centrum (RHC) is de algemiene namme fan in kultuerhistoaryske ynstelling dy't fia it behear en beskikber stellen fan ferskate histoaryske boarnen it ûndersyk nei de histoary yn alle mooglike foarmen befoarderje wol. Faak komt in RHC fuort út in fúzje fan twa as maer kulturele ynstellingen yn in beskate regio dy't earder yn aparte disiplines wurken: argyftsjinsten, bibleteken, musea of dokumintaasjesintra op in spesifyk mêd. In protte RHC's fungearje as in iepenbier lichem dy't syn juridyske grûnslach fynt yn in Mienskiplike Regeling.

De term waard oarspronklik brûkt as soartenamme foar de nije ynstellingen dy't op provinsjaal nivo ûntstean moasten út de fúzjes fan de Ryksargiven yn de provinsjes mei oare kulturele ynstellingen. Dêrút ûntstiene tsjinsten dy't yn algemiene sin as "Regionaal Historisch Centrum" oantsjut wurde, mar faak in sterk ôfwikende namme hawwe.

Sûnt waarden ek oare fuzjes tusken regionale of lokale argyftsjinsten mei biblioteken, museums of dokumintaasjesintrums oantsjut as "Regionaal Histoarysk Sintrum", dat somtiids wol, soms foar in part en soms net yn de nammejouwing werom te finen wie. Yn oare gefallen naam in gemeenteargyf fan in bepaalde gemeente it (statysk) argyfbehear fan de gementen der omhinne oer, wêrnei't de namme "Gemeenteargyf ..." net mear foldie en ek op in mear algemiene beneaming oergien waard. Yn beide gefallen binne de nije tsjinsten faak werom te kennen oan oantsjuttingen lykas "Histoarysk Sintrum ..." of "Regionaal Argyf ...".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Y. Bos-Rops, M. Bruggeman, E. Ketelaar, Archiefwijzer. Handleiding voor het gebruik van archieven in Nederland, 3e druk, Bussum, 2005, ISBN 9062834744.
  • Regionaal Historische Centra op it webstee fan it Nasjonaal Argyf, 11-4-2016.