Springe nei ynhâld

Reformaasjedei

Ut Wikipedy
Pamflet dat ta oantinken fan de earste jierdei fan de herfoarming fan Marten Luther útjûn waard

Reformaasjedei of Herfoarmingsdei is in tsjerklike dei dy't op 31 oktober troch protestantske kristenen fierd wurdt. Op dy dei wurdt betocht dat Luther op 31 oktober 1517 syn 95 stellings oan de doar fan de Slotkapel yn Wittenberch spikere.

Yn 'e regel wurdt op reformaasjedei op dy datum of op de snein foar dy datum yn in soad protestantske tsjerken Luther's liet "In fêste Boarch is ús God" troch de gemeente songen. Fakentiden wurdt op dy dei preke út de brief fan Paulus oan de gemeente fan Rome preke.

Reformaasjedei is yn de Dútske dielsteaten Brandenburch, Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren, Nedersaksen, Saksen, Saksen-Anhalt, Sleeswyk-Holstein en Thüringen in offisjele frije dei. Yn Baden-Württemberg is it in fakânsjedei foar skoallen. Yn oare Dútske dielsteaten mei in lutherske befolking hat de herfoarmingsdei in bysûndere status as in "stille betinkingsdei". Yn it ramt fan de betinking fan de 500-jierrige Protestantske Herfoarming op 31 oktober 2017 wie de Reformaasje dei yn hiel Dútslan in offisjele fakânsjedei.

Bûten Dútslân wurdt Herfoarmingsdei yn Sloveenje en Sily as offisjele fakânsjedei fierd.

Foar de kalvinistyske tsjerke fan Switserlân is de earste snein yn novimber (dus de earste snein nei 31 oktober) in religieuze feestdei.