Reesttsjerke (Balkbrêge)
Reesttsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Hardenberch | |
plak | Balkbrêge | |
adres | Oud Avereest 5 | |
koördinaten | 52° 37'NB, 6° 22'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | L. Lubbers | |
boujier | 1852 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8458 | |
Webside | ||
PKN gemeente Oud Avereest-Balkbrug | ||
Kaart | ||
De Reesttsjerke (Nederlânsk: Reestkerk) is de tsjerke fan 'e protestanske gemeente Ald Avereest-Balkbrêge, Oerisel. De gemeente makket gebrûk fan twa tsjerken: de eardere herfoarme tsjerke, dy't de namme Reesttsjerke krige, en de eardere grifformearde tsjerke, dy't de namme Brêgetsjerke (Brugkerk) krige. Wikseljend wurden tsjerketsjinsten yn ien fan 'e twa gebouwen holden.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Avereest ûntstie yn de 12e iuw nei't lân oanmakke wie oan it rivierke de Reest. Doe lei it gebiet fan 'e parochy oan beide kanten fan it rivierke, sawol yn Drinte as yn Oerisel. Nei de reformaasje oan it begjin fan de 17e iuw rekke de âlde tsjerke yn it neigean en stoartte yn 1635 yn. Der fûn in fernijng fan de tsjerke plak, dy't yn 'e 19e iuw ek yn it neigean rekke en ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke.[2]
In gevelstsien tsjûget der fan dat de neoklassisistyske tsjerke yn 1852 boud waard. It T-foarmige gebou is ienfâldich, hat in dakruter boppe de gevel en rûnbôgefinsters. Oan de tsjerke is yn 1981 in houten sinnewizer oanbrocht, nei't in âldere sinnewizer yn de Twadde Wrâldkriich ferdwûn is. Yn 'e toer hinget in klok út 1698 mei in diameter fan 77,8 sintimeter. In twadde klok út 1638 is nei de foardering troch de besetter yn 'e Twadde Wrâldkriich net weromkommen.
De tsjerke waard nei 150 jier yn 'e jierren 1980 restaurearre nei't de ferleging fan de grûnwetterstân fersakkingen feroarsake hie.
Foar it behâld fan 'e tsjerke as religieus gebou is yn 2010 de stifting "Vrienden van de Reestkerk" oprjochte. Yn 2015 kaam der in ein oan in grutte ferbouwing. Oan 'e tsjerke waard in fasilitêr bygebou boud en û.o. binne de tsjerkebanken oanpast om it sitgemak te ferbetterjen. Njonken de tsjerketsjinsten ferhiert de protestanske gemeente de tsjerke oan de stifting foar kulturele aktiviteiten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1866 troch J. van Loo boud. Yn 1903 fûn der in útwreiding mei in boppewurk fan J. Proper plak. Ek it oargel waard by de lêste tsjerkerenovaasje restaurearre.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|